Programma fan Grinzer Museumnacht bekend: fan kostúms oant kutcake
Resint ferskynd
It programma fan de Grinzer Museumnacht 2023 is bekend. Op sneontejûn 9 septimber sette sân musea yn de Grinzer binnenstêd de doarren iepen en organisearje se ferskate aktiviteiten. Men kin de kolleksjes en útstallingen bewûnderje en genietsje fan muzyk, dûns, lêzingen, kostúmfertoaningen, wurkateliers, rûnliedingen en noch folle mear. It hiele programma en de kaartferkeap is te finen op groningermuseumnacht.nl. De Museumnacht is alle jierren útferkocht, dat it reservearjen fan kaarten wurdt oanret.

Foto: ©Gerhard Taatgen
Yn it Universiteitsmuseum kin men bygelyks kutcaken bakke – hielendal passend by de útstalling Phallus, Norm en Vorm. Yn de midsiuwske gebouwen fan Museum aan de A kin men mei Grinzer Vraauwlju yn ’e kunde komme, stiet men foaroan by in histoaryske kostúmfertoaning of stapt men oan board fan twa histoaryske skippen mei dêrop poëzy, kabaret en ferhalen. Yn it Grinzer Museum kinne besikers neist in besite oan de útstalling The Rolling Stones – Unzipped en genietsje fan optredens fan ûnder oaren Collignon, Deejay Irie en Satanic Majesties Request. Of in airbrush-tatoeaazje sette litte. In hiel oar tema fynt men yn it Forum Grins. Dêr draait alles om Disney. Museumnacht is de lêste kâns om de grutte eksposysje Disney – Telling Times Stories te besjen. Dêromhinne is der in Disney-strykorkest, ballroomdûnsje, in pubkwis en in lêzing fan in mediawittenskipper.
De Druktemaker, de mobile museumprinterij fan GRID Grafisch Museum, komt yn de Museumnacht nei de Atsjerke. De hiele jûn kinne besikers eksperimintearje mei printinket, papier, nulle en tried. Men kin in linosneed of Werkmanprint meitsje of in boekje bine. Of men kin nei de Grinzer Synagoge gean. Dêr binne ferskate útstallingen en kin men mei in audiotoer troch it gebou swalkje. Der is muzyk fan Anamesa: mei tradisjonele ynstruminten komme de balladen fan de Balkan en de libbene dûnsen fan de Mediterranee ta libben.
Studinten fan de Noorderpoort hawwe yn de Noorderlicht Studio harren eigen ideeën oer it Noorderlicht-festivaltema ‘Regenerate’ fisualisearre. ‘Regenerate’ ûndersiket hoe’t ierdbewenners mei de planeet oan in better takomstperspektyf wurkje kinne. Troch nei muzyk harkjen en fotografy te besjen kin men jin foar hiel efkes yn ’e takomst wane.
Oer de Grinzer Museumnacht
De Grinzer Museumnacht is in mienskiplik inisjatyf fan it Grinzer Museum, Museum aan de A, GRID Grafisch Museum, Forum Grins/Storyworld, Universiteitsmuseum Grins, Noorderlicht en de Synagoge Grins. Yn de programmearring wurdt nau gearwurke mei USVA, CLASH, Noorderpoort en Stichting Oude Groninger Kerken/Atsjerke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje