Presintaasje yn Noarwegen fan OWL+ ûnderwiismodulen foar bedrige talen
Resint ferskynd
It Mercator Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, docht yn breed Europeesk ferbân ûndersyk nei meartaligens en taallearen op skoalle, thús, en troch kultuerpartisipaasje. De fokus leit dêrby benammen op de regionale en minderheidstalen yn Europa, mar ymmigrantetalen en talen út lytse lannen binne ek ûnderwerp fan ûndersyk.

Boarne: Mercator/Fryske Akademy
Yn gearwurking mei kennisynstituten yn Europa – en soms sels dêrbûten – wurket Mercator trochrinnend oan in grut ferskaat oan ûndersyksprojekten. Op dit stuit is Mercator/Fryske Akademy ûnder mear de koördinearjende partner fan it projekt ‘Ownership and Leadership: Pathways for (Endangered) Languages ‘Use in School’ (koart: OWL+). De partners yn OWL+ binne it Interdisciplinary Centre for Social and Language Documentation (CIDLeS) yn Portugal, de Nord University yn Noarwegen, de Rēzekne Academy of Technologies yn Letlân, and de Tallinn University yn Estlân.
Learmiddels
De doelstelling fan OWL+ is it kreëarjen fan mooglikheden foar learkrêften om minder brûkte of sels bedrige talen te yntegrearjen yn harren ûnderwiisaktiviteiten. It projekt kriget foar in perioade fan trije jier finansiering út it Europeeske Erasmus+ programma Key Action 2 Partnerships for Cooperation.
De leden fan it OWL+ konsortsium hawwe ekspertize op it gebiet fan it Letsk, Mirandeesk, Súd-Saami en Frysk. De learmiddels dy’t hja ûntwikkelje foar én yn oparbeidzjen mei de lokale taalmienskip, binne bedoeld om it bewustwêzen fan de minder brûkte talen te fergrutsjen, om dosinten te foarsjen fan adekwate ynformaasje oer dy talen en om de yntegraasje fan dy talen yn ferskillende learkonteksten oan te moedigjen.
Presintaasje yn Noarwegen
De earste ûnderwiismodulen fan OWL+ binne no klear en wurde op 25 septimber presintearre oan de Nord University yn Noarwegen. Ut namme fan Mercator/Fryske Akademy sil Katharina Thomas de modulen foar it Frysk presintearje. De presintaasje is ek online te folgjen. Mear ynformaasje en oanmelde kin fia de webside fan OWL+.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje