Presintaasje ‘Water Witching’ fan Olivia D’Cruz yn Keunsthûs SYB

septimber 9, 2023 08:01

Snein 10 septimber hâldt Olivia D’Cruz har einpresintaasje Water Witching: Performative Walk yn Keunsthûs SYB yn Beetstersweach.

‘Water Witching’ fan Olivia D’Cruz (boarne: Keunsthûs SYB)

Fan 26 juny oant 30 july wie Olivia D’Cruz te gast yn Keunsthûs SYB foar in residinsje dêr’t hja yn wurke oan it projekt Water Witching: A Research on Landscape and Fiction (In ûndersyk nei lânskip en ferbylding), oer de wichelroede en de relaasjes tusken minske, it net-minsklike en wetter yn Beetstersweach.

Op snein 10 septimber dielt se har ûndersyk en eksperiminten mei it publyk. De middei set útein mei in petear tusken frou D’Cruz en direkteur Arnisa Zeqo, en dêrnei wurde de besikers útnûge foar in útfierende kuier nei de rivier it Alddjip. De dielnimmers krije wichelroeden en oare observaasje-ynstruminten, lykas in fierkiker of fergrutglês, om te brûken.

De kuiertocht is in ferwizing nei har ûndersyk en nei har nijste wurk, in film dêr’t de keunstneresse op ’t stuit oan wurket. Yn de film wurdt besocht om wetter te besjen yn syn lokale kontekst yn it ljocht fan de minskelibbens en harren aktiviteiten dy’t dermei ferbûn binne. De presintaasje einiget mei in slokje by SYB.

Oanmelde foar de presintaasje kin fia dizze link. Minsken dy’t net foar de kuier komme, binne fan 16.15 oere ôf wolkom yn Keunsthûs SYB foar de ôfsluting.

Program Water Witching, in útfierende kuiertocht op snein 10 septimber 2023
14:00 Ynrin
14:15 Yntroduksje
14:45 Start kuiertocht
16:15 Weromkomst en ôfslutend slokje
17:00 Ein

Praktyske ynfo:
De rûte fan de kuiertocht rint oer in kuierpaad. Kuierskuon binne net perfoarst needsaaklik. Foar mear ynformaasje oer tagonklikheid kinne jo kontakt opnimme fia info@kunsthuissyb.nl.

septimber 9, 2023 08:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.