Plan International: amper foarútgong yn posysje jonge froulju en famkes
Resint ferskynd
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Dinosaurus Barry wurdt feild: ‘Tige goed bewarre bleaun’ 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
Der is wrâldwiid amper foarútgong boekt yn it ferbetterjen fan de libbenssituaasje fan famkes en jonge froulju, konkludearret Plan International yn in ûndersyk. De ûntwikkelingsorganisaasje warskôget dat de doelen fan de Feriene Naasjes foar geslachtgelikensens yn 2030 út it sicht reitsje.

Foto: pixabay.com
Famkes en jonge froulju krije noch hieltyd in protte te meitsjen mei bygelyks fysyk en seksueel geweld en ûngelikense beleanningen foar wurk, seit de organisaasje. Plan International wyt it stikken rinnen fan de foarútgong oan ûnder mear wrâldwide konflikten, klimaatferoaring en konservative polityk. “It giet echt fierste stadich, en de foarútgong dy’t berikt wurdt, is tige wif”, seit Garance Reus, direkteur fan Plan International tsjin de NOS.
De Sustainable Development Goals (SDG’s) fan de Feriene Naasjes binne wrâlddoelen foar duorsume ûntwikkeling, dy’t in ein oan ûnder mear ekstreme earmoed, ûngelikensens fan geslachten, ûnrjocht en klimaatferoaring meitsje moat. De doelen binne yn 2015 op in FN-top opsteld, de falbile is yn 2030. Se ferfange de milenniumdoelstellingen, dy’t yn 2015 ferfoelen.
Plan International wiist ek op de ambysje fan de Feriene Naasjes foar mear wetten oangeande geslachtsgelikensen, lykas wetten dy’t tasjen moatte op de oanpak fan de leankleau tusken manlju en froulju, seksueel geweld of in minimumâldens foar it houlik. “Mar yn ûnder mear Nikaragua, Poalen en de Feriene Steaten binne oerwinningen op it mêd fan reproduktive rjochten just teneate dien troch anty-abortuswetjouwing”, seit Reus.
‘Yn Nederlân ek noch lange wei te gean’
Yn Nederlân is ek noch in protte wurk te fersetten, seit de organisaasje. “Wy tinke wol dat it goed giet, mar hjir hawwe wy ek noch in tige lange wei te gean.” Nederlân skoart wol goed op it mêd fan ûnderwiis en polityk, seit Reus. Famkes dogge it better op skoalle as jonges en der is in tanimming fan it tal froulike Keamerleden en ministers. Mar oan ’e oare kant neamt de organisaasje de yntimidaasje fan froulike politisy. “En froulju yn ’e polityk krije faak kommentaar op harren klean en uterlik. Famkes wolle dêrtroch de polityk net yn”, seit Reus.
De direkteur tinkt dat de doelstellingen fan de Feriene Naasjes noch wol te heljen binne, mar “der is noch wol in hiele protte nedich.” Hy ljochtet ta: “Tink oan ynvestearringen op it mêd fan ûnderwiis en seksuele gelikensens, en benammen aloan harkje nei de ûnderfiningen fan froulju en famkes.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje