Pittige sjips út ’e hannel nei dea jonge yn Feriene Steaten
Resint ferskynd
- Gemeente Alkmaar betellet goed twa ton oan sabeare direkteur 0
- Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis 0
- Dinosaurus Barry wurdt feild: ‘Tige goed bewarre bleaun’ 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
In Amerikaanske fabrikant helle pittige sjips út de hannel nei de dea fan in fjirtjinjierrige jonge yn Massachusetts. Syn famylje is derfan oertsjûge dat it iten fan de ekstreem pikante flaubyt him fataal wurden is.

Foto: morguefile.com
De tortiljasjip waard it stik ferpakt ferkocht foar tsien dollar yn in doaze dy’t derút seach as in lykkiste, fersierd mei deadskoppen, gifslangen en skrale Hein. Konsuminten wurde ûnder de namme One Chip Challenge útdage om harren reaksje te filmjen as se it hapke ite en salang mooglik net wat oars ite of drinke. Foar de sjips wurde de Carolina Reaper- en Naga Viper-pipers brûkt, dy’t 1,7 en 1,4 miljoen punten skoare op de Scovilleskaal fan pittigens. Op dyselde skaal sit tabasko om de 5.000 punten hinne en helje jalapeño’s 10.000 punten, wat betsjut dat der safolle leppels wetter nedich binne om de smaak fan ien leppel te bemanteljen.
Op ’e ferpakking steane warskôgingen dat it produkt inkeld bedoeld is foar folwoeksenen, en dat it froulju dy’t bernswier binne ôfret wurdt om it te iten. Oanrekommandearre wurdt om medyske help te sykjen by flaufallen, langduorjende mislikens of by dreech sykheljen.
De fjirtjinjierrige Harris Wolobah út Worcester hie neffens syn mem de sjip ôfrûne freed fan in klassegenoat krige. Hy wie op skoalle mislik wurden, mar like better doe’t er nei hûs ta gie. Letter dy middeis waard er út de tiid op syn keamer fûn. Hy waard koart dêrnei yn it sikehûs dea ferklearre. Hoewol’t in autopsy noch de krekte deadsoarsaak fêststelle moat, binne de neibesteanden derfan oertsjûge dat de sjip de oarsaak fan syn dea is. De jonge wie neffens harren yn poerbêste sûnens.
Der binne al earder minsken yn it sikehûs opnommen nei it iten fan de sjips; dêr wiene ek bern by. Yn Minnesota moast bygelyks in sike-auto by sân bern komme dy’t op skoalle de útdaging oangien wiene. Trije learlingen út Kalifornië bedarren yn it sikehûs. Neffens dokters feroarsaket de stof kapsaïsine yn de sjips in branderich en pimperjend gefoel yn ’e mûle, mar kin dy yn ekstreme gefallen ek ta hertritmesteuring liede.
Fabrikant Paqui, dochterbedriuw fan snobbersguodgigant Hershey, seit slim rekke te wêzen troch de dea fan de jonge. It bedriuw hâldt út dat it produkt oan de feilichheidseasken foar iten foldocht en wiist derop dat op de ferpakking mei klam oanjûn is dat it foar folwoeksen ornearre is. Omdat dochs hieltyd mear bern de sjips ek ite, is ta de weromropaksje besletten.
Europeeske fariant
Yn Europa binne ek sjips te keap dy’t as de alderhjitste oanpriizge wurde. In fabrikant dêrfan, Hot Chip, wiist der yn in reaksje oan de NOS op dat it produksjeproses dêrfan hjir oars is as yn de Feriene Steaten: “Paqui docht de pipers yn it daai, net oan de bûtenkant lykas wenstich. Dêrtroch bliuwt harren produkt lang pittich yn ’e mage, yn stee fan yn ’e mûle.” It bedriuw seit yn Europa al jierren deselde gearstalling te hawwen, sûnder grutte problemen. “Dit produkt is al jierrenlang sûnder ûngelokken iten troch miljoenen minsken”, skriuwt de wurdfierder yn syn reaksje. “De reaksje fan minsken op skerp iten liket grizelich en gek, mar wy hawwe noch nea wat oer slimme medyske ynsidinten heard.”
Nettsjinsteande dat is it bedriuw fan doel om op de ferpakking noch dúdliker as foarhinne te warskôgjen dat konsumpsje troch bern net de bedoeling is, “om soartgelikense ynsidinten foar te kommen”. De wurdfierder seit derby dat it nuttigjen fan molke, bôle of in iisko ferromming jaan kin.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje