Piloat miste F-35 skille 911

septimber 24, 2023 08:18 Fernijd

De Amerikaanske piloat dy’t ferline wike snein syn strieljager kwytrekke nei it brûken fan syn sjitstoel, blykt alarmnûmer 911 skille te hawwen om help te krijen. It telefoanpetear mei de fernuvere sintralist is troch de plysje frijjûn.

JSF (foto: Wikipedia/USAF – publyk domein)

“Mefrou, der is in militêr fleantúch delstoart. Ik bin de piloat. De helptsjinsten moatte ynskeakele wurde”, seit de skiller yn it telefoantsje. “Ik haw gjin aan wêr’t it fleantúch is. Dat sil earne delstoart wêze, ik haw myn sjitstoel brûkt.”

It is noch net bekend makke wêrom’t de piloat besleat syn fleantúch te ferlitten boppe de steat South Carolina. It Amerikaanske leger wie de F-35, ek bekend ûnder de namme JSF, mear as in dei lang kwyt. Hy bliek úteinlik hûndert kilometer fierderop op in stik lân delstoart te wêzen. De piloat kaam sûnder slimme ferwûningen yn ’e tún fan in wente by Charleston del. De fernuvere bewenner skille dêrop mei him it alarmnûmer. “Wy hawwe hjir in piloat dy’t yn myn eftertún lâne is. Kinne wy in sike-auto krije, asjebleaft?”

De piloat heakke deroan ta dat er sa’t it like net slim ferwûne wie, mar wol wat skramkes en lêst fan ’e rêch hie. De frou oan ’e oare kant fan de line klinkt ûnleauwich, wylst se mear ynformaasje besiket yn te winnen. Op har fraach wêrom’t de piloat syn strieljager ferlitten hat, antwurdet er mei “problemen mei it tastel.” Hja reagearret ûntkennend op syn fraach oft der al berjochten oer in delstoart fleantúch binne.

Trochflein
Der is in protte krityk dat Definsje in dei lang in hypermodern tastel fan 75 miljoen euro kwyt wie en de strieljager blykber tsientallen kilometers sûnder ynsittende trochfleane koe. In wurdfierder fan Definsje spekulearret dat de moderne technology oan board dêr faaks oan bydroegen hat: it fleantúch is ûntwurpen om stabyl troch te fleanen as in piloat net oan de bestjoering komt. Dat komt it delstoarten, as de fleaner net goed wurdt, tefoaren. Dêrnjonken is de F-35 útrist mei de nijste stealth-technology, dêr’t it tastel foar de radar dreech troch te folgjen is. Boppedat wurdt út foarsoarch de transponder útset as de piloat it tastel yn ’e loft ferlit, om it de fijân lestiger te meitsjen it tastel te finen.

septimber 24, 2023 08:18 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.