Op Europeeske Dei fan de Talen gie it dochs wer oer Frysk yn de rjochtbank
Resint ferskynd
Ferslach
De ‘Dei fan de Talen’ (26 septimber) is in inisjatyf fan de Ried fan Europa. Sûnt 2001 wurdt dy dei fierd. Yn Europa kinne mear as twahûndert talen teld wurde; 81 dêrfan binne erkend as regionale of minderheidstalen, dêr’t it Frysk ien fan is. It Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen organisearre op dy dei in lyts feestje yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar mei in rûntepetear, poëzy en muzyk, mei as tema ‘Taal & rjocht’.
De poëzy kaam fan Fieke Gosselaar (yn it Grinslânsk) en Rie Westerhuis (yn de streektaal fan de Reest, dy’t streamt yn it grinsgebiet fan Drinte en Oerisel). De muzyk kaam fan Grymtosk yn ‘e persoan fan Hille Hiddema, dy’t yn it Frysk sjongt en finalist fan Liet is.
It petear ûnder lieding fan Jelle Bangma gie benammen oer de mooglikheid om yn ‘e rjochtbank Frysk te praten. Dielnimmers wiene Attje Meekma, Steatelid yn Fryslân foar it CDA en foarsitter fan it Steatekomitee Frysk, Jan Benedictus, âld-wethâlder fan Skarsterlân en Fieke Gosselaar, strafrjochtjurist by de rjochtbank Noard-Nederlân en streektaalkonsulint by it Centrum Groninger Taal & Cultuur. De oanlieding dêrta wie it feit dat Jan Benedictus okkerdeis yn ‘e rjochtbank yn Swol de eed net yn it Frysk útsprekke mocht. In raar fersin fansels fan de rjochter dêre. Neffens Benedictus wie dat nammers mear in gefolch fan ûnkunde as fan ûnwil.
Mar in bytsje minsken doare yn de rjochtbank Frysk te praten, benammen trochdat it net oanret wurdt en ek troch it ûnderbetelle wurden fan tolken. Dat lêste spilet yn Fryslân minder, want dêr moat it Frysk altyd ferstien wurde.

Jelle Bangma (mei mikrofoan) yn De Gouden Leeuw yn petear mei (fan lofts nei rjochts) Attje Meekma, Jan Benedictus en Fieke Gosselaar. Foto: It Nijs
Fierders kaam de mooglikheid te praat om de rjochtbank fan Ljouwert wer te ferselsstannigjen en saken dêr’t Friezen yn foarkomme moatte safolle mooglik yn Ljouwert ôf te hanneljen, mar dêr koe yn dat fermidden út soarte net oer kediisd wurde. It Steatekomitee Frysk is ynsteld om alle politike partijen nei bûten ta safolle mooglik ien lûd hearre te litten as it om de rjochten fan it Frysk en de Fryskpraters giet, fertelde frou Meekma. De oanwêzigen wiene it deroer iens dat der fan datoangeande noch wol hiel wat út ‘e wei te setten is.
By de trije rjochtsaken dêr’t ik foar de wurkgroep as saakkundige oan dielnaam, haw ik gjin wurd Nederlânsk prate hoecht.
Fan dy trije saken wiene der twa yn Ljouwert en ien yn Grins.
Mar dat moasten jo wol yn it foar oanfreegje seker? Neffens my 8 dagen fan te foaren. Minsken wolle net lêstich dwaan en sjogge der gauris fan ôf, want jo wolle de rjochter te freon hâlde. Dêr moatte we fan ôf.
Yn dy trije saken waard de korrespondinsje troch de easkers yn it Frysk dien. Dy krigen kreas in briefke mei de fraach oft se yn de seal de Fryske taal brûke woene. Fansels is in rjochter graach op ‘e hichte fan it feit dat jo gebrûk meitsje fan jo rjocht.
Ik tink dat in soad Friezen te skruten mei harren taal binne. Binnen Fryslân skriuw ik hast altiten yn it Frysk. Bygelyks de lêste jierren trije kear mei de plysje fan Noard-Nederlân. Alle trije kearen binnen ien dei in dúdlik antwurd. (Nea geëamel!)
Grinswikselkantoar yn Ljouwert krekt sa!