Oftraap nij wurk- en learprojekt: restauraasje skûtsje Nooitgedacht
Resint ferskynd
Ofrûne woansdei wie de ôftraap fan in nije faze fan it wurk- en learprojekt: de restauraasje fan it skûtsje Nooitgedacht. Wethâlders Lea van der Tuin fan Achtkarspelen en Caroline de Pee fan Tytsjerksteradiel begûnen alfêst mei it fuortskraabjen fan de rust fan it skûtsje.

Wethâlders Lea van der Tuin (l.) en Caroline de Pee (foto: gemeente Achtkarspelen)
“It beurtskip hat der yn de ôfrûne jierren foar soarge dat in protte dielnimmers in weardefolle earste stap nei betelle wurk set hawwe. It projekt soarget net inkeld foar it learen fan in fak, mar ek foar it grutter meitsjen fan it selsbetrouwen fan de dielnimmers”, seit wethâlder Van der Tuin fan gemeente Achtkarspelen. “De restauraasje fan it skûtsje jout opnij tweintich dielnimmers in moaie kâns om har de kommende twa jier te ûntwikkeljen.”
Mienskiplik partisipaasjeprojekt
De beurtskip-lasoplieding is in mienskiplik partisipaasjeprojekt fan beide gemeenten. Ein 2015 is dermei úteinset. Ynwenners fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel dy’t in ôfstân ta de arbeidsmerk hawwe of dy’t yn ’e bystân sitte, krije de mooglikheid om sa in lasoplieding te folgjen. “It projekt jout dielnimmers de kâns om har te ûntwikkeljen. Net allinnich troch it learen fan in fak, mar ek troch it ûntdekken fan talinten, fergrutsje se harren selsbetrouwen”, fertelt wethâlder De Pee fan gemeente Tytsjerksteradiel.
Parys
Yn it skûtsje Nooitgedacht wie jierrenlang in bêd & brochje yn de Frânske haadstêd Parys. Yn 2021 waard it weromfearn nei Fryslân. It wurdt no yn in loads yn Droegeham folslein restaurearre en yn de orizjinele steat fan 1901 werombrocht.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje