No sneon Duorsume Merk yn hal gemeentehûs Ljouwert

septimber 19, 2023 10:13

Nei in suksesfolle ‘Gek op Denim’-edysje fan de Duorsume Merk, stiet de folgjende merk alwer pland. Op sneon 23 septimber is de hal fan it gemeentehûs yn Ljouwert fan 12.00 oant 16.00 oere omtsjoene ta itenshal. Der steane ferskate lokale ûndernimmers mei in diske om besikers te ynspirearjen oer lokaal iten. Wethâlder Evert Stellingwerf iepenet de merk om 12.00 oere. De tagong is fergees.

Gemeentehûs Ljouwert (foto: Wikipedia/Jean Housen – CC BY-SA 4.0)

Foar besikers is dizze edysje de kâns om mei lokale produsinten fan sûn en en duorsum iten yn ’e kunde te kommen. Besikers kinne priuwe fan biologyske produkten fan De Kleine Boerderij, earlike kofje fan Fairtrade, ambachtlike produkten fan Blooming Bakery, earlik en duorsum iten fan biologyske winkel Odin en noch folle mear. Dy deis wurde ek de Lokale Helden bekend makke en de Fairtrade-sertifikaten útdield. Lokale Helden binne minsken, inisjativen of organisaasjes dy’t belangeleas de wrâld in stikje duorsumer meitsje.

Neist it priuwen en keapjen fan (h)earlik (ûnbewurke) iten, kinne besikers meidwaan oan in wurkatelier fan Stoereloer, in presintaasje bywenje fan masterkok Albert Kooy, oprjochter fan Dutch Cuisine en in les folgje fan studinten fan Van Hall oer it iten fan de takomst. Fierder steane Omrin en it Frysk Lânboumuseum op ’e merk, om mear te fertellen oer itensfergriemerij. Hoe kin men dat ferminderje en hoe giet men dêrby te wurk?

Foto: pixabay.com

“Wy wolle besikers ynspirearje om bewuster kiezen en te genietsjen fan iten dat sawol sûn as duorsum is”, seit wethâlder Evert Stellingwerf. “In goede sûnens en bioferskaat giet poerbêst lykop mei lekker iten. Mei de duorsume merk biede wy ynwenners en lokale ûndernimmers in moai platfoarm om inoar te finen en om faker foar duorsume streekprodukten te kiezen.”

De duorsume merk is foar elkenien, jong en âld, dy’t nijsgjirrich is nei in oare wize fan itensieden en iten. In ynteraktyf útstapke foar de húshâlding: bern kinne in speurtocht dwaan en nifelje; âlden kinne mear oer lokaal duorsum iten te witten komme.

septimber 19, 2023 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.