Nijjiersrevu De Jouwer: Septimber, wy binne wer los!
Resint ferskynd
Bloch
Op wei nei de 36e Nijjiersrevu op ’e Jouwer (9)
Tiisdei 5 septimber wie it safier: de earste repetysje foar de 36e Nijjiersrevu. De jûn begûn mei in wurd fan wolkom fan it bestjoer en wat meidielingen. Dêrnei naam ús nije muzikale man Omar Bakker it stokje oer. Foar de groep is it efkes wennen: nei jierren mei Leon Smits wurke te hawwen, wurdt it grif oars. Mar wy hawwe der alle fertrouwen yn dat it goed komt.

Foto’s: Revuploech De Jouwer
Spitigernôch wie de band noch net folslein (de basgitarist hie noch fakânsje en in toetsenist is noch net fûn), mar mei Wieger op gitaar en Reitse op it trommelkistke koene wy ús bêst rêde. Trije lieten hawwe wy trochnommen. Earst mei de hiele ploech sjonge, dêrnei yn ferskillende gearstallingen fan koarkes en solisten wat eksperimintearje. Regisseur en muzikaal lieder holden dêr de earen en eagen goed by iepen. Stadichoan ûntstie der by harren in byld fan wa’t wat sjonge moat.
Nei it skoft, dêr’t elkenien efkes yn byprate koe, waard de ploech troch regisseur Anneke yn in rûnte set. De sketskes waarden trochlêzen. “Lês do de tekst fan plysje 1 ris en do dy fan foarbygonger 2.” Sa besiket Anneke in byld te krijen fan hokker rol oft it bêste by elkenien past. Fan in soad spilers hat Anneke dat byld wol helder foar eagen, mar fan de nije spilers wol se noch wat mear sjen en hearre om der wis fan te wêzen dat se alle popkes op it goede plak set.
De jûn fleach foarby! We sleaten mei wat húswurk foar nije wike ôf. Ja, wy binne wer los! De kommende twa moanne repetearje wy ien jûn yn ’e wike. De iene wike stiet toaniel op it programma, de wike dêrnei is foar de lieten. Nei it stúdzjewykein fan ein oktober repetearje we twa jûnen yn ’e wike: tiisdeis toaniel en tongersdeis muzyk.
Stúdzjewykein? Jawis! Alle jierren hiere we in kampearpleats of sokssawat ôf. Dêr oernachtsje we twa nachten mei de hiele spilersploech en begelieding. Allinne foar de geselligens en saneamde ‘teambuilding’? Nee wis net! Yn sa’n wykein wurdt der hiel hurd wurke oan de Nijjiersrevu. Sketskes wurde repetearre, typkes wurde útdjippe, klûs wurde skerp set, lieten wurde perfeksjonearre, goreografyen wurde betocht en gean sa mar troch.
Al mei al in fruchtber wykein, want sa’n wykein is ek goed foar it groepsgefoel. En oan ’e ein fan it wykein, sneins op ’e neimiddei, wurde de skriuwers, dekôrbouwers, sminksters, klaaisters, ensafuorthinne ek útnûge foar in slokje en in lekker miel.
Sa, no binne jimme earst wer efkes op ’e hichte!
Folkeline Papjes, septimber 2023
Besjoch in filmke út de âlde doaze:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje