Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd

septimber 19, 2023 11:18

Nijewier kriget op freed 22 septimber as lêste doarp yn de gemeente offisjeel in Frysk plaknammeboerd. Wethâlder Aant Jelle Soepboer sil it boerd by in lytse feestlike gearkomste yn gebrûk nimme. Dit sil wêze om 10.00 oere oan de Singel yn Nijewier. Dat hie al op 27 july wêze sillen, mar troch it minne waar is dat ferskood.

Nijewier (foto: Wikimedia Commons/Romke Hoekstra – CC BY-SA 4.0)

Underwilens binne yn de gemeente de doarpen dy’t it oanbelanget al foarsjoen fan in Frysk boerd. Nijewier is dus de lêste yn de rige. De hanneling is it slútstik op in moai proses.

Wethâlder Aant Jelle Soepboer is tige optein oer dizze ‘markearring’. “De Fryske plaknammen wurde no echt foar elkenien sichtber. Ik hoopje dat wy dêr de bewustwurding oangeande ús moaie taal mei fergrutsje en dy foar de takomst boargje kinne. It is fansels mar ien fan de stappen mar wol in wichtige. De kommende tiid sille wy trochsette mei it fergrutsjen fan de sichtberens fan it Frysk. Foar besikers oan ús gebiet kin de sichtberens fan it Frysk yn de iepenbiere romte ek fan grutte wearde wêze.”

Offisjele Fryske plaknammen
Op 8 july 2021 hat de gemeenteried ynstimd mei de ynfiering fan Fryske plaknammen yn de gemeente. In doarp kin mar ien offisjeel registrearre namme hawwe, dat dêr kaam de Nederlânsktalige plaknamme as offisjele namme foar de doarpen mei te ferfallen. Alle wizigingen moasten yn de offisjele systemen fan de gemeente trochfierd wurde. Fan 1 jannewaris 2023 ôf binne de nije nammen ek op bygelyks rydbewizen en berte-akten te finen.

septimber 19, 2023 11:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.