Nij ynternetplatfoarm foar Fryske taal- en letterkunde: Frisistyk.nl
Resint ferskynd
De Fryske Akademy en de redaksje fan Neerlandistiek.nl kundigje de lansearring oan fan Frisistyk.nl, in nij online tydskrift wijd oan Fryske taal- en letterkunde. It wurdt in útwreiding fan it suksesfolle Neerlandistiek.nl, in webside dy’t de midden hâldt tusken in wittenskiplik tydskrift en in kenniswebside foar in lekepublyk.
Frisistyk.nl giet op 6 oktober live en sil njonken algemiene stikken oer Fryske taalkunde, skiednis en letterkunde ek romte biede oan ûnderwerpen lykas Frysk yn it ûnderwiis en Frysk taalbelied en oan de taal- en letterkunde fan de oare Fryske talen lykas it Noard-Frysk en Sealterfrysk.
De ôfrûne jierren ferskynden al geregeld stikken oer it Frysk of Fryslân op Neerlandistiek.nl, skreaun troch ûndersikers en saakkundigen út it Fryske fjild. No kin elkenien dêr al in antwurd fine op fragen lykas wat Crusader Kings III te krijen hat mei de skiednis fan Fryslân, oft Fryske bern ek in Gooise R yn harren Nederlânsk brûke, en hoe’t it Nederlânsk it Frysk beynfloedet.
It is net ferwûnderlik dat frisisten graach harren kennis diele fia dat platfoarm, want mei sa’n 10.000 unike besikers deis en 3.500 folgers op Facebook en hast 8.000 op X (earder: Twitter) hat dat online tydskrift yn Nederlân in grut berik en spilet it in ferbinende rol yn it fjild fan de taal- en letterkunde.
Eigen poadium
Om de Fryske taal- en letterkunde in promininter eigen plak te jaan op de webside wurdt ûnder de paraplu fan Neerlandistiek.nl in aparte webside Frisistyk.nl opset, dy’t fersoarge wurde sil troch de Fryske Akademy en bydragen ferwolkommet fan elkenien dy’t him mei de frisistyk dwaande hâldt. Anne Merkuur, taalkundich ûndersiker by de Fryske Akademy, fynt it wichtich dat de frisistyk dit poadium kriget: “Binnen en bûten Fryslân wurdt der safolle ûndersyk dien nei it Frysk. Dat moatte we net allinnich binnen it eigen fakgebiet fia de wittenskiplike, ynternasjonale kanalen presintearje, mar ek krekt op lokale en nasjonale skaal. In tagonklik en leechdrompelich poadium lykas Frisistyk.nl biedt romte foar de ferwûnderingen en iepen einen fan ús fak en kin ús ûnderling ferbine. It is in manier om ús wurk te presintearjen oaninoar, oan de nije generaasje ûndersikers en oan in breder publyk.”
Lansearring
Op freedtemiddei 6 oktober, fan 15.00 oere ôf, wurdt de webside Frisistyk.nl feestlik lansearre yn Café Neushoorn yn Ljouwert. Marc van Oostendorp (heechlearaar Radboud Universiteit Nijmegen, ûndersiker Meertens Instituut en haadredakteur van Neerlandistiek.nl) en Anne Merkuur (taalkundich ûndersiker Fryske Akademy en assistint-professor Ryksuniversiteit Grins) sille dan in taljochting jaan op harren fierdere plannen. Elkenien is wolkom, tagong is fergees. Oanmelde kin fia in online formulier.
Oer de Fryske Akademy
As netwurkynstelling rjochte op de takomst docht, dielt en fasilitearret de Fryske Akademy wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op it Frysk, de meartalige mienskip, regionale skiednis yn ynternasjonaal perspektyf, minderheidstalen en -kultueren en ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren; it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf. Yn 2023 bestiet de Fryske Akademy 85 jier.
Fryske-akademy.nl
Neerlandistiek.nl
Frisistyk.nl (fan 6 oktober ôf)
En wer gjin .frl adres. Kinst sjen wêr’t de Fryske Akademy prioriteit oanjout. En nee, it is gjin ‘ûnskuldige ekstinsje’. Sokke dingen jouwe oan watst útdraachst.