Krekt útkommen: ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’
Resint ferskynd

Boarne: Afûk
De wrâldwide bestseller The Boy, the Mole, the Fox and the Horse fan Charlie Mackesy, yn it Nederlânsk mei sukses troch Arthur Japin oerset, is no ûnder de titel De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder ek yn it Frysk útkommen. Dy oersetting is fan ’e hân fan de ferline jier ferstoarne dichteres Baukje Wytsma.
It is in ferhaal oer freonskip, leafde en dysels wêzen foar jong en âld. Of sa’t de oersetter it sei: “In leaf en learsum boek oer de wearde fan in ultime freonskip.” De hûndert yllustraasjes en de poëtyske teksten fertelle it ferhaal fan de bysûndere freonskip tusken de jonge en de trije bisten. De universele lessen dy’t se mei-inoar leare binne stik foar stik libbenswiisheden. In moderne klassiker.
Boekgegevens:
De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder | Auteur: Charlie Mackesy | Oersetting: Baukje Wytsma | Utfiering: ynbûn, hurd kaft | ISBN: 978 949 3318052 | Tal siden: 128 | Taal: Frysk | Ferkeappriis: € 24,95 | websjop.afuk.frl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje