Krekt útkommen: ‘Skearing en Ynslach’ fan Bouke van der Hem
Resint ferskynd
By Utjouwerij Afûk kaam Skearing en Ynslach, de nijste ferhaleroman fan Bouke van der Hem, út. Dy beskriuwt by biten en brokken benammen it opgroeien fan boeresoan Reinder Beetstra yn Fryslân, syn wederwarichheden yn militêre tsjinst, it studintelibben yn Grins en de fersuterjende relaasje mei jeugdfreon Sipke.

Boarne: Afûk
Fierderop rint it mis: as sosjaal begien makeler komt er úteinlik sûnder frou út Nij-Seelân werom. Goed en wol wer thús op âlde grûn falt dat him ek ôf. Fryslân is net langer wat it wie, syn troch him bewûndere mem ferstoar, mar boppe-al ferkrommelje syn idealen, fan doarpslibben oant en mei sosjalisme.
Wat by dat alles grif meispilet, is de heabroeibrân by de Beetstra’s doe’t Reinder yn novimber 1956 noch in jong baaske wie. Mei de wittenskip fan no hat er dêr in stress-syndroom fan oerholden. “Dochter Sytske, de noed fan de Beetstra’s, socht yn har karke dwers troch de reek nei in útwei, ûnderwilens in heech jankend lûd meitsjend, as soarge se sels foar de sirene. Alle minsken wiene der no út en helpers fan it doarp koene op it lêste stuit noch wat kij rêde − folk, fee en it karke op in klútsje byinoar yn de jister − foardat de earste spanten delkamen en de hiele bliksemse boel yninoar stoarte.”
Oer de auteur
Bouke van der Hem (Tersoal, 1946) wurke jierrenlang as jurist/mediator yn Grins, wennet no yn Castricum. Hy debutearre yn 2002 mei de roman Sloppe Opels en fan him ferskynden dêrnei It Poadiumbeest, Stille Tochten, en yn 2010 De Fuery. Hy siet yn de redaksje fan kultureel tydskrift De Moanne en skreau dêr benammen kollums foar.
Presintaasje:
Op freedtemiddei 22 septimber fan 15.30 oere ôf presintearret Bouke van der Hem syn ferhaleroman yn de Afûk-winkel yn Ljouwert (Bûterhoeke 3). Nei in koarte yntroduksje troch útjouwer Ernst Bruinsma, sil de skriuwer sels in taljochting jaan op syn wurk en in tal fragminten foarlêze. Nigethawwers binne fan herten wolkom en kinne har oanmelde fia hermien.vandermeer@afuk.nl.
Boekgegevens Skearing en Ynslach
Auteur: Bouke van der Hem | Utfiering: papieren omkaft | ISBN: 978 949 3318106 | Tal siden: 199 | Taal: Frysk | Ferkeappriis: € 18,50 | websjop.afuk.frl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje