Nêsten Aziatyske hoarnbij yn Jobbegea romme
Resint ferskynd
Yn Jobbegea binne ôfrûne wike twa nêsten fan de Aziatyske hoarnbij weihelle. It giet om de earste nêstlokaasje fan dy ynvasive eksoat dy’t yn Fryslân fûn en ferwidere is.

Aziatyske hoarnbij (foto: Provinsje Fryslân)

Foto fan it hoarnbijenêst yn Jobbegea (foto: Rob Voesten)
It nêst waard ein ferline wike meld troch de bewenners dy’t it yn harren tún ûntdutsen hiene. Nei kontrôle troch eksperts die bliken dat it yndied om de Aziatyske hoarnbij gie. Om’t it om in ynvasive eksoat giet dy’t noch net yn Fryslân foarkomt, hat de provinsje besletten om de soarte te bestriden. Dy is dêr op grûn fan de EU-eksoateferoardering ta ferplichte. Beide nêsten binne troch spesjalisten opromme en dêr is it folsleine folk ynklusyf de keninginne mei útrûge.
Bedriging
De Aziatyske hoarnbij is in ynvasive eksoat dy’t opnommen is op de Unylist fan de EU-eksoateferoardering. Opnimme op de Unylist betsjut dat de soarte bestriden wurde moat. Dat omdat de Aziatyske hoarnbij in soarte is dy’t fan orizjine net yn Nederlân foarkomt en in bedriging foar it lokale bioferskaat foarmet. De Aziatyske hoarnbij fret ûnder mear ynlânske bijen, miggen, rûpen en flinters. Dêrneist wurde ek huningbijen troch de soarte bedrige. De stek fan in Aziatyske hoarnbij is te ferlykjen mei dy fan in ealjebij: pynlik mar net libbensbedriigjend of it moat sa wêze dat immen allergysk is of op in kwetsber plak stutsen wurdt.
Weromkenne en bestride
It is in ealjebij dy’t foar in grut part swart fan kleur is, in oranje kop hat en op it bealchje foar in giele bân hat en op it efterliif in brede oranje bân. Keninginnen wurde maksimaal trije sintimeter grut, de wurksters tusken de 17 en 24 milimeter. Yn Frankryk, België en Noard-Spanje hat de soarte him fêstige, mar yn Nederlân noch net. Wol wurdt de Aziatyske hoarnbij hieltyd faker sjoen, benammen yn it suden fan Nederlân ûnder de grutte rivieren. Om it fêstigjen fan de soarte tsjin te gean, is it wichtich om nije nêsten rap te romjen.

Hoarnbij-keninginne (foto: Provinsje Fryslân)
Aziatyske hoarnbij melde
It nêst yn Jobbegea waard meld fia www.waarneming.nl. Elkenien kin in waarnimming fan in soarte tafoegje fia dy webside. Dat jildt foar lânseigen planten en bisten, mar dus ek foar ynvasive eksoaten lykas de Aziatyske hoarnbij. Op basis fan dy meldingen kin de ferantwurdlike partij – yn dit gefal de provinsje Fryslân – aksje ûndernimme as dat nedich is. Mear ynformaasje oer hokker eksoaten yn Fryslân foarkomme en hoe’t se werom te kennen binne, is te finen op www.fryslan.frl/exoten-fryslan.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje