Bouwe de Boer: Nei de Denen om te trainen

septimber 9, 2023 08:00

Kollum

Denemarken liket yn in protte opsichten op Nederlân. Yn alle gefal wat it klimaat oangiet en it skynt dat it foar de mentaliteit fan de befolking ek opgiet.

De krisis
In grut ferskil mei Nederlân is, dat Denemarken gjin eigen enerzjyboarnen hat. Gjin gas, gjin koalen en gjin oalje. Yn de enerzjykrisis fan de santiger jierren hie Denemarken it dêr tige dreech troch. Alle enerzjy moast ymportearre wurde tsjin bysûnder hege kosten. Dy nasjonale swierrichheid wie de oanlieding foar in drastyske feroaring yn de enerzjyfoarsjenning. It doel wie om sa gau mooglik sels duorsume enerzjy te winnen.

Winst gjin doel
De Deenske wet skriuwt no foar dat de enerzjysystemen gjin winst meitsje meie. Fia in koöperaasje binne hast altyd eigendom fan ynwenners, soms mei de oerheid as mei-oandielhâlder. Dat ynwenners dielnimme is altyd op frijwillige basis, mar de praktyk leart dat al gau oanheakke wurdt as de priis goed is. Dy enerzjypriis wurdt troch de oerheid goed yn ’e gaten holden. Dat jout in noflike iepenbiere transparânsje.

Lokale koöperaasjes
It binne lokale ynwenners dy’t in koöperaasje foarmje. Dy krije dêr profesjonele stipe fan de gemeente by en dy soarget foar it ôfstimmen tusken de aparte enerzjysystemen. Sa wurde de enerzjylêsten troch it gearwurkjen fan oerheid en boargers moai leech holden. Transparânsje en saakkundigens én de frijheid om sels te kiezen binne garandearre. Dat profesjonele stipe oanbean wurdt is in rânebetingst.

Hoe giet dat yn Fryslân?
Sûnt koroana, de oarloch yn Oekraïne en it ôfbouwen fan gaswinning is yn Nederlân it besef trochkrongen dat wy ek in spylbal fan de wrâldmerk binne. Krekt as Denemarken fjirtich jier lyn. It is dan ek gjin tafal dat it nije bestjoersakkoart fan de provinsje Fryslân dêr krekt op ynset. De nije Fryske politike mearderheid wol enerzjy-hubs, mear eigen winning en foaral: it jild dat mei de enerzjyfoarsjenning muoid is hjir hâlde. De bestjoerders wolle net dat it jild by bûtenlânske ynvestearders of enerzjybedriuwen weiwurdt.

Lit it jild lokaal bliuwe
De Denen hawwe de lêste jierren in protte ûnderfining opdien mei harren enerzjysystemen en rinne yn Europa foarop. Der binne yn de duorsume enerzjy al mear as 75.000 banen. Biogasynstallaasjes, waarmtenetten, sinneboilers, opslachsystemen en foaral wynmûnen binne der kommen. De Deenske kennis kinne we hjir goed brûke! Dat besef kringt yn Fryslân hieltyd mear troch. Geregeld geane der no al bussen nei doarpen yn Denemarken om dêr kennis op te dwaan.

Kearnenerzjy is yn Denemarken gjin opsje mear. Ek wer mei as belangrykste argumint dat de Denen net fan oare lannen ôfhinklik wurde wolle. Sels dus. Yn Fryslân neame we dat mienskipsenerzjy.

Foto Freonen fan FossylFrij Fryslân

Dit is nûmer 80 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
septimber 9, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen septimber 4, 09:13

    Wêrom ‘energie’ en net ‘enerzjy’?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.