Needgjalp fan it Skriuwersbûn oan de Fryske polityk

septimber 26, 2023 08:35

It Skriuwersbûn hat Deputearre Steaten in brief skreaun. It Bûn wol oerlis oer de takomst fan de Fryske skriuwerij en de ferantwurdlikheid dy’t de provinsjale polityk dêrfoar hat.

Tusken de provinsjale politisy en de literatuer gappet in kleau, skriuwt it Bûn. De polityk is ûnferskillich, wylst foar it behâld fan it Frysk in libbene literatuer needsaak is. “In taal dêr’t net yn lêzen wurdt, sil it op ’n djoer net rêde”. Yn de ôfrûne fyftjin jier is de ynfrastruktuer, bedoeld om it Fryske lêzen en skriuwen te stimulearjen, neffens it Bûn “dramatysk minder wurden”. Benammen Tresoar docht folle minder foar de Fryske literatuer as yn earder jierren. Sûnder nij inisjatyf om romans, oersettings en dichtbondels ûnder omtinken fan it publyk te bringen, kin it neffens it Bûn net.

It Bûn hat dêr konkrete ideeën oer, dêr’t de eardere deputearre Poepjes entûsjast oer wie. Mar sy koe it foarige kolleezje net waarm krije foar mear ynset. It Bûn freget de nije deputearren Eke Folkerts (taal) en Sijbe Knol (kultuer) om oerlis yn de kommende wiken.

Sjoch ek de taheakke brief en de bylage dêrby.

septimber 26, 2023 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.