Nederlânsk Blazers Ensemble bringt muzikale oade oan de frede

septimber 11, 2023 08:11 Fernijd

Mei muzyk út ûnder mear Oekraïne, Soedan, Syrië, Bangladesh en Demokratyske Republyk Kongo

It NBE (Nederlânsk Blazers Ensemble) en Stichting Vluchtelingen organisearje mei TivoliVredenburg in bysûndere fiering fan de Ynternasjonale Dei fan de Frede. Op tongersdei 21 septimber komme artysten út de hiele wrâld byinoar om mei de blazers hearre en sjen te litten hoe wichtich oft frede is. Just no.

NBE (foto: Peter Lodder)

Ta gelegenheid fan it konsert spylje artysten dy’t sels út oarlochsgebieten flechte binne. Sa spilet de Oekraynske sjongeres Mariana Sadovska mei it NBE, lykas sjonger en toetsenist Hoosam Musa út Soedan en qanun-spiler Shaza Manla en Ghaeth Almaghoot op duduk (beide út Syrië). It koar Consensus Vocalus ûnder lieding fan Béni Csillag en it TARAB Choir ûnder lieding fan Majed Saraydeen sjonge. In moai foarbyld fan ferbining troch muzyk, want dat lêste koar bestiet út tritich muzikanten fan wol sân ferskillende nasjonaliteiten.

Fia in grut skerm spylje en sjonge dêrneist muzikanten út flechtlingekampen wei yn Bangladesh, Demokratyske Republyk Kongo en Curaçao mei it NBE. Ut de grutte seal fan TivoliVredenburg wei stiet it publyk sa direkt yn ferbining mei it wjerstrjibbige libben yn de opfangkampen, mar ûnderfynt it ek de kreativiteit, muzikaliteit en it trochsettingsfermogen fan de minsken dy’t dêr wenje. Dat ûnderskriuwt Benoit de Gryse, haad programma & belied fan Stichting Vluchteling: “Fia de universele taal fan byld en muzyk sette wy mei it NBE minsken op ’e flecht letterlik en figuerlik yn ’e skynwerpers. Sa beljochtsje wy de nuodlike aktualiteit en litte tagelyk de moed en fearkrêft sjen fan flechte minsken dy’t der alles oan dogge om, nettsjinsteande de omstannichheden, troch te libjen.”

NBE (foto: Peter Lodder)

De Dei fan de Frede 2023 wurdt mei mooglik makke troch: Stichting Vluchteling, TivoliVredenburg, Prins Bernhard Kultuerfûns, Fonds 1999, Lerak Foundation, Elise Mathilde Fonds, Fentener van Vlissingen Fonds & Stichting Vluchtelingen Toverfluit.

Dei fan de Frede: tongersdei 21 septimber, 20.00 oere – TivoliVredenburg Utert. Kaarten binne fia dizze link te bestellen.

septimber 11, 2023 08:11 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.