Nederlanners wolle dat wolfeart earliker ferdield wurdt
Resint ferskynd
Der is yn Nederlân in breed dielde winsk om de wolfeart yn it lân earliker te ferdielen. Dat docht bliken út in represintatyf ûndersyk fan Ipsos yn opdracht fan de NOS.

Foto: Wikipedia/Sterling Communications USA – CC BY 2.0
Hast twatredde fan de Nederlanners (64 persint) fynt it wichtich dat de wolfeartsferskillen lytser wurde. Kiezers fan alle partijen binne it dêrmei iens. By loftse partijen leit dat persintaazje om de 80 persint, mar ek ûnder VVD-kiezers is 43 persint dêr foarstanner fan. In earlike wolfeartsferdieling moat neffens Nederlanners benammen betelle wurde troch bedriuwen mear belesting ôfdrage te litten. 60 persint is fan miening dat de belesting foar bedriuwen omheech moat. Hast likefolle minsken (56 persint) binne fan betinken dat mear belesting op hegere ynkommens heft wurde moat. Ferheging fan de fermogensbelesting kriget ek in protte stipe (49 persint).

Boarne: Ipsos/NOS
Nederlanners binne noch hieltyd pessimistysk oer de takomst fan it lân. Sân op de tsien (72 persint) binne fan miening dat it mei Nederlân de ferkearde kant op giet. Mar it tal pessimisten wurdt hieltyd lytser, want ferline jier fûn noch 77 persint dat it net de goede kant op gie. De finansjele kompensaasjemaatregels lykje wol holpen te hawwen, want neffens 2022 kinne Nederlanners faker goed rûnkomme (51 tsjin 44 persint). Tsien persint kin dat net.
It tal Nederlanners dat al in jiermannich besuniget, nimt noch hieltyd ta en leit no op 57 persint, wylst dat in pear jier lyn minder as de helte wie. Trije op de tsien minsken binne bang dat harren finansjele situaasje takomme jier minder wurdt.
Betrouwen yn de polityk
Hast trijefearn (72 persint) fan de Nederlanners boppe de achttjin jier is fan betinken dat de polityk mear mei himsels dwaande is as mei it oplossen fan de problemen yn it lân. Dat gefoel libbet sterker by de âlderein (55+) as by de jongerein (18-34 jier). Mei dêrtroch hat noch mar in tredde fan de Nederlanners betrouwen yn de polityk. Allinnich kiezers fan VVD en D66 hawwe yn mearderheid betrouwen yn de polityk.

Boarne: Ipsos/NOS
Fan alle kiezers jout 47 persint oan dat it gebrek oan betrouwen mei komt trochdat de polityk de problemen yn it lân net oplost. Frege nei de wichtichste beliedsterreinen dy’t bydrage oan minder betrouwen, neamt mear as de helte it regearingsbelied op it mêd fan ymmigraasje en asyl, sûnenssoarch en de wenningmerk.
De logyske ferfolchfraach is dan hoe’t it betrouwen yn de lanlike polityk wer tanimme kin. In folgjend kabinet moat diedkrêft toane, mear knopen trochhakje, ek as dat ta lilkens by guon groepen laat, wurdt foaral sein. Fierder sizze in protte respondinten dat polityk lieders mear gearwurkje moatte. In oare oplossing dy’t in protte neamd wurdt, is minder politike partijen yn de Twadde Keamer, bygelyks troch it ynfieren fan in kiesdrompel.
Wurdearring politisy
Ipsos hat ek peild hoe’t oer de ôfsûnderlike politisy tocht wurdt. Pieter Omtzigt (Nieuw Sociaal Contract) is mei in rapportsifer fan 7,0 de meast wurdearre politikus, folge troch Caroline van der Plas fan BBB (6,1) en VVD-listlûker Dilan Yesilgöz (5,9). Omtzigt skoart it heechst op alle foarleine eigenskippen: hy is it meast ynspirearjend, wit wat der libbet, is betrouber en krêftdiedich. Yn 2021 en 2022 krige Omtzigt ek de bêste beoardielingen. Thierry Baudet (Forum voor Democratie) kriget mei in 2,6 it leechste wurdearringssifer.

Boarne: Ipsos/NOS
Omtzigt syn partij Nieuw Sociaal Contract wurdt it meast neamd as partij dy’t absolút yn in nij kabinet meidwaan moat: 36 persint fan de Nederlanners wol dat, BBB wurdt troch 32 persint neamd, VVD en GrienLinks/PvdA beide troch 24 persint; 19 persint neamt de PVV.
Opfallend is dat 23 persint ek wol dat de VVD net oan in folgjend kabinet dielnimt. D66 is foar hast ien op de fiif Nederlanners ek net mear wolkom yn in nij kabinet. Forum voor Democratie is fierwei it minst wolkom: 47 persint wol dy partij út noch yn net yn in folgjend kabinet sjen.
It Ipsos-ûndersyk
De gegevens binne ynwûn troch in ynternetûndersyk ûnder in represintative stekproef fan 2049 stimberjochtige Nederlanners. De gegevens binne fan tongersdei 7 septimber oant en mei moandei 11 septimber 2023 sammele.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje