Miste kâns

septimber 14, 2023 14:20

Ynstjoerd

De Telegraaf 14 septimber 2023

Hjoed in grut ferhaal yn de Telegraaf fan Wierd Duk oer trije foarminsken fan de Jongfryske Mienskip (JFM), dy’t in “status aparte” hawwe wolle. It ferhaal hat my teloarsteld. De bekende ridel komt wer foarby, fan it Frysk yn offisjele dokuminten, bygelyks it donorkodisyl en Frysk yn de rjochtseal, en oan de ein komme sels de moetingen op Hilgelân foarby. O ja, ek de boeren en fiskers. Mar fierwei de measte Friezen binne gjin boer of fisker, mar wurknimmer. Arbeider, seinen wy yn myn jonge jierren. Krekt dy hiele grutte groep leanôfhinkliken wurdt hieltiten mear yn syn kânsen en mooglikheden behindere. Dêroer wurdt yn dit ferhaal net sprutsen.

Der ûntbrekt yn dit ferhaal kompleet in analyze fan wat Nederlân is. Dat soe it earste wêze moatte dêr’t jo oan tinke as jo pleitsje foar it ôfstân nimmen fan Nederlân, want dat is wat de trije wolle. Dan moatte jo op syn minst dochs ek oanjaan wat der mis is mei Nederlân. De niisneamde ridel is dêrfoar folslein ûnfoldwaande. Soks oertsjûget allinnich it bestjoer fan de JFM en wat omsittend laach. Dy “scepsis jegens de Nederlandse elites” dêr’t Elly Schoonbeek (ôfkomstich út in “rode arbeidersfamilie”) it oer hat, dat soe no in moai ûnderwerp west hawwe om ris út te djipjen. Elly seit ek dat Friezen faken te beskieden binne en dat soks har steurt. Mar it bestjoer fan de JFM rint mei sa’n ferhaal foarop yn beskiedenens.

Kerst Huisman

septimber 14, 2023 14:20
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 septimber 19, 09:39

    De skriuwer wol in komplete analyze fan wat Nederlân is. En ek de hiele sosjale striid sil noch beskreaun wurde. Is de skriuwer him der eins wol bewust fan dat De Telegraaf in krante is? Dat Wierd Duk hjir gjin boek skreaun hat? En hat de man wolris yn de karbrieven fan de RfdFB en de JFM sjoen? Dan soe er dochs witte moatte dat wat de doelen fan dy klups binne?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.