Marcel Smit sfearmakker op it Reaklif
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Krystkonsert Ljouwerter Bachferiening 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Nettsjinsteande fernijing yn it bestjoer fan de Stifting Slach by Warns, wie de Betinking op it Reaklif dit jier alhiel neffens tradysje foarm jûn. Lykwols fernuveren ferskate oanwêzigen harren oer de ienfâld fan it evenemint. Trouwe Warnsgonger Jehannes Elzinga fertolke dat fielen sa: “It tema De Frije Sûne Fries kaam net goed út ’e ferve, oer sûnens gie it amper. Ferline jier wiene der mear minsken. Foar in part hat dat te krijen mei it ûntbrekken fan it muzykkorps en de lju fan Frijsia dit jier. Ik begryp ek net wêrom’t der gjin muzyk wie, ôfsjoen fan it optreden fan Marcel Smit mei gitaar, dat joech alteast noch wat sfear! Ik fûn it wat in sobere byienkomst diskear. Sûnder muzyk klonk it Frysk Folksliet en it Flaggeliet suterich. It program wie ek de sobere kant neist mei mar ien langere taspraak fan Anne-Goaitske Breteler. De taspraak fan Robbert Velt wie yn 5 minuten dien.”
Sjoch hjir foar in ferslach fan de Betinking fan 2023. De filmkes hjirûnder jouwe in ympresje fan de bydragen fan Marcel Smit.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje