Ljouwert siket Stedsdichter

septimber 26, 2023 12:35

De gemeente Ljouwert is foar de kommende twa jier op ’e siik nei in stedsdichter foar de stêd en de 35 doarpen. Entûsjaste wurdkeunstners kinne har dêr oant 15 novimber foar oanmelde fia www.leeuwarden.nl/stadsdichter. De Stedsdichter skriuwt alle jierren in tal wurdkeunsten foar Ljouwert en sil dy foardrage yn de perioade fan 2024 oant 2026.

Foto: Gemeente Ljouwert

De rol fan de stedsdichter
“Net allinnich wie Ljouwert yn 2018 de Kulturele Haadstêd fan Europa, mar sûnt ein 2019 is de stêd de grutske drager fan de titel UNESCO City of Literature. Us stêd, mei ús doarpen, fertsjinnet in eigen Stedsdichter”, sa seit wethâlder Hein Kuiken. In stedsdichter skriuwt oer it Ljouwert fan no, wjerspegelet wat der libbet en hat in djipgeande ferbining mei de mienskip en syn kulturele en maatskiplike ûntwikkelingen. De Stedsdichter fungearret as in ûnôfhinklike en ferbinende krêft foar hiel Ljouwert, is kritysk en belutsen, en stimulearret de leafde foar wurdkeunst.

Utferkiezing
Kandidaten kinne har oant 15 novimber oanmelde troch in mail te stjoeren nei stadsdichter@leeuwarden.nl. Dêr beskriuwt de kandidaat yn wa’t hy of sy is, wat de motivaasje is en leveret in plan om poëzy, as dichter, spoken word-artyst, wurdkeunstner, ûnder de oandacht te bringen yn it meartalige Ljouwert. Dêrneist stjoert de kandidaat Stadsdichter twa eigen wurken (poëzy) mei, dêr’t ien fan oan Ljouwert relatearre is. De foarm fan de ynstjoering is frij te kiezen. De ynstjoeringen wurde beoardiele troch in sjuery dêr’t de leden ynkoarten fan bekend makke wurde.

Ein jannewaris 2024, yn de wike fan de poëzy, wurdt de nije stedsdichter bekend makke. De keazen stedsdichter ferfollet in twajierrige termyn.

Alle jierren skriuwt de Stedsdichter op syn minst seis wurdkeunstwurken oer of foar Ljouwert en nimt diel oan offisjele gelegenheden dêr’t it wurk foardroegen wurdt. De Stedsdichter kriget in fergoeding fan € 4.000, – it jier foar it realisearjen fan it projektplan, en dêrnjonken in honorarium fan € 4.000, – it jier.

Betingsten
Om yn oanmerking te kommen foar de funksje fan Stedsdichter fan Ljouwert moat de kandidaat oan guon kritearia foldwaan. Sy of hy is 18 jier of âlder, wennet yn de gemeente Ljouwert, hat in sterke bining mei wat der yn Ljouwert spilet en hat each foar kulturele en maatskiplike ûntwikkelingen en is fansels ree om him/har yn 2024 en 2025 yn te setten as Stedsdichter fan Ljouwert.

Mear ynformaasje oer de betingsten en it oanmelden op www.leeuwarden.nl/stadsdichter.

septimber 26, 2023 12:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.