Lessen Sealterfrysk no ek oan de Universiteit fan Oldenburg
Resint ferskynd
Ferline wike joech Veronika Pugge út Skäddel (Dútsk: Scharrel) foar it earst Sealterfryske les oan de Carl von Ossietzky Universiteit yn Oldenburg. Hja komt dêrmei yn de fuotleasten fan har beppe Adelheid Pörschke, dy’t dat in protte jierren lyn ek die.

Veronika Pugge (foto: Babs Gezelle Meerburg)
De lessen Sealterfrysk meitsje diel út fan in kursus fan 28 oeren dy’t fan augustus oant desimber duorret. Sân minsken dogge mei, wêrûnder twa studinten en fiif universitêre meiwurkers. De troch Johanna Evers makke Sealterfryske kursus wurdt brûkt as gids foar de nije kursus. Dêrnjonken brûkt frou Pugge har eigen materialen en de nije grammatika’s fan de Fryske Akademy.
Oare universiteiten hawwe de lêste jierren ek it Sealterfrysk oanbean. Oan de Westfaalse Wilhelmsuniversiteit yn Münster wiene dr. Michael Janda en Johanna Griep dêr ferantwurdlik foar, wylst Wolter Jetten en Henk Wolf de lessen fersoargen oan de NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert.
Veronika Pugge jout ek al twa jier Sealterfryske kursussen foar it Seelter Buund en it Seeltersk Kontoor. Dy kursussen wurde mooglik makke troch finansiering fan it Nedersaksyske Ministearje fan Wittenskip en Kultuer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje