Koroanaprip yn fêste faksinaasjeprogramma Feriene Steaten opnommen; yn Nederlân net

septimber 16, 2023 11:26

Yn ’e Feriene Steaten kinne minsken fan no ôf op ferskate plakken in jierlikse prip tsjin de koroanagoarre krije. It Amerikaanske syktebestridingssintrum (CDC) kaam ôfrûne wike mei it advys om elkenien dy’t âlder is as seis moanne, tsjin koroana te faksinearjen. Binnen 48 oeren soene de earste prippen set wurde kinne.

Foto: pixabay.com

De prip wurdt no yn de Feriene Steaten alle jierren mei ûnder mear de grypprip oanbean. It koroanafaksin wurdt dus opnommen yn it standertfaksinaasjeprogramma, wat yn Nederlân net it gefal is. Neffens de Sûnensried hat in grut part fan de Nederlânske befolking ûnderwilens ymmuniteit tsjin de koroanagoarre opboud, troch faksinaasje of besmetting. Net elkenien hoecht him dus fan ’t winter te melden foar in (oppep)prip. Wol is it wichtich dat de ymmuniteit foarearst op peil holden wurdt, tinkt de Sûnensried. Dêrom wurdt beskate groepen Nederlanners oanret om de koroanaprip te heljen. It giet om minsken fan sechstich jier of âlder, froulju dy’t bernswier binne, soarchpersoniel en minsken tusken achttjin en sechstich jier âld dy’t al jierliks foar de grypprip útnûge wurde. It giet dêrby bygelyks om minsken mei in heech medysk risiko.

Fan takom wike ôf krije de earste Nederlanners in útnûging foar de koroanaprip. De iennige groep dy’t in útnûging kriget, is de groep minsken fan sechstich jier en âlder. Fan 2 oktober ôf kinne sy it koroanafaksin krije. De oaren oan wa’t it faksin oanrekommandearre wurdt, krije gjin útnûging. Minsken dy’t de prip helje wolle, kinne fan heal oktober ôf in ôfspraak by de GGD meitsje. De koroanaprip is oant ein desimber te krijen. Foar froulju dy’t bernswier binne en minsken dy’t troch in dokter trochferwiisd wurde fanwege  in heech medysk risiko, jildt dat it koroanafaksin dêrnei ek noch beskikber bliuwt.

Oft de koroanaprip oan in jierliks faksinaasjeprogramma taheakke wurde moat, hinget ôf fan hoe’t de goarre him ûntwikkelet, seit de Sûnensried. De ried hat advisearre om it faksinaasjeprogramma de kommende jierren jierliks te evaluearjen en wêr’t dat nedich is oan te passen.

septimber 16, 2023 11:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.