Kinke Kooi wint provinsjale Gerrit Bennerpriis 2023

septimber 29, 2023 11:23

Kinke Kooi is de winner fan de Gerrit Bennerpriis 2023. De sjuery keas har omdat dy ûnder de yndruk wie fan de lykmjittige kwaliteit en eigenheid yn har wurk. Dat rekket neffens de sjuery hjoeddeiske tema’s as gender, ferskaat en ynklúzje.

Kinke Kooi (boarne: Provinsje Fryslân)

De keunstneres kriget € 5000, – en in útstalling yn it Frysk Museum, te sjen fan 28 oktober o/m 31 maart 2024. Op 28 oktober sil deputearre Eke Folkerts, by de iepening fan de eksposysje, de priis útrikke.

Fan ’t jier is it de earste kear dat de winner njonken prizejild en in útstalling, ek in jildbedrach kriget om dat te besteegjen oan in aktiviteit dy’t bydraacht oan de byldzjende keunst yn Fryslân. De priis is dizze kear takend oan wurk út in langere perioade: in saneamde oeuvrepriis. Dêrby seach de sjuery net allinnich nei byldzjend fermogen, feardigens en sizzenskrêft, mar ek nei oerienkomsten mei de nammejouwer fan de priis.
Om in grutter poadium te berikken ferliet Benner de provinsje. Hy sleat him yn Amsterdam oan by de nei-oarlochske fernijingen yn de byldzjende keunst. Bûten Fryslân ûntwikkele er him ta in (ynter)nasjonaal fierd keunstner.

Kinke Kooi
Krekt as Gerrit Benner is Kinke Kooi fan oarsprong Ljouwerter en ferliet sy de provinsje. Lykas Benner is it lânskip foar har in ynspiraasjeboarne. De keunstneres tekenet al goed fjirtich jier datjinge wat har wringt en giet yn har wurk de konfrontaasje oan mei wat negatyfs en draait dat nei it positive om. In oade oan wat faak net toand wurdt of net sjoen wurdt. Dat docht se yn oermjittige kleuren, mei in soad sêftens en rûne foarmen.

Gerrit Bennerpriis
De priis is yn it libben roppen om it byldzjendekeunstklimaat in ympuls te jaan en it omtinken foar de byldzjende keunst ûnder it publyk te fergrutsjen. De twajierlikse provinsjale Gerrit Bennerpriis is ferneamd nei de Fryske lânskipsskilder Gerrit Benner (1897-1981). De Provinsje hat de organisaasje oan Keunstwurk en it Frysk Museum opdroegen.

Lês it sjueryrapport.

septimber 29, 2023 11:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.