Jan Schokker: Philipsfûgels

septimber 23, 2023 08:00

Kollum

It moast der in kear fan komme: ôfskied nimme fan myn âlde fertroude Philips radiomeubel. Sa retro en vintage as hjoed oan de dei mar mooglik is. In deeglike ikenhouten kast, moaie rûne hoeken, poerbêst yn ’e lak en mei efter in brede klep in prachtige pick-up, sa’nien mei in nulle dy’t inkeld platen op de folle 78 toeren draaie koe. Hiel wat jierren lyn haw ik it ding in kear útinoar helle om der nij lûdsprekkerdoek yn te setten, mar it wer yninoarsetten wie der hieltyd by bleaun. No koe it al hielendal net mear, want ik miste in pear knoppen, wat stikjes hout en, nei’t ik de lêsbril opset hie, bliek ek it toutsje stikken nedich foar it ôfstellen fan de stjoerders. De nije eigener soe in echte leafhawwer wêze moatte en in net al te minne techneut. Ik wie benijd wat ik der op Marktplaats foar krije koe.

Dy jûns hie ik fuort al in earste reaksje. De ‘Philipsmensen’ hiene der tachtich euro foar oer. Nijsgjirrich, want wat binne ‘Philipsmensen’? Lju dy’t yn ’e fabryk fan de lampekening wurke hawwe, folk mei it Philipsfinjet op ’e foarholle en dy’t no in museum hawwe? De priis dy’t se beaen foel my oars aardich ôf. Fuortendaliks tahappe is dan net sa handich, dat ik joech it noch wat langer tiid. De oare deis wie der wer in bod: fiif euro mear. Dat bod lykwols kaam fan de ‘Philipskinderen’. Wat wie hjir te rêden? Blykber wie der in soarte fan rivaliteit. Wie it in ôfsplitsing? Woene de bern de âlden oerbiede? In oerke letter bea de groep ‘Philipsmensen’  fiif euro mear. Ik wie wat fernuvere, mar it wie ek wol wer in fleurige konstatearring dat der blykber romme belangstelling wie foar myn antike radiomeubel. Faaks soene noch mear ôfsplitsingen in bod dwaan, ‘Philipssoanen’ of ‘Philipspaken’.

De oare deis stie de teller op 115 euro en hie ik in streekrjochte mail fan de ‘Philipsmensen’. Sy tochten dat it bieden fan de ‘Philipskinderen’ in flauwe grap wie, mar diene dochs noch in bod fan 120 euro en dêr soe it dan by bliuwe. Boppedat wie der in foto taheakke fan in soarte fan showroom of museum mei in hiel soad âlde radio’s. Dat makke yndruk! Sa te sjen soe myn foarâlderlik radiomeubel hjir in hiel goed plakje krije. Efter it pseudonym sieten in Jannes en in Tessa yn Ruinerwold, dy’t in hiele Philipssamling hiene. Se stelden út om myn meubelstik de moandeis op te heljen, mar it like my gaadliker om sels myn Philipsberntsje dêrhinne te bringen. Dat arsenaal oan radioguod moast ik ris fan tichteby besjen.

Jannes hie net allinne âlde radio’s sammele, ek de earste telefyzjes, fideorecorders, cd-spilers, 8-track’s, kassetterecorders en noch folle mear. Sels apparatuer dy’t doetiids amper de winkel helle hie, omdat oare útfiningen it fernimstich wûnder rjochts ynhelle hiene: in apparaat út de sechstiger jierren bygelyks om yn de auto in ‘gewoane’ 45-toereplaat ôf te draaien, krekt as de lettere cd-spiler foar tusken de knoppeboerdljochten. Nea witten dat soks bestien hie. Ik stie folslein ferbjustere. Fan alles hie dy Jannes troch de jierren hinne op ’e kop tikke. Sa wie der in hiele etaazje mei hûnderten transistorradio’s. Hjir en dêr die Jannes in kastke iepen om my wer wat tige bûtenwenstichs sjen te litten. Of hy luts in breed en djip laad iepen fol mei radiolampen, knoppen, kondinsators, wjerstannen, potmeters, trafo’s en wat al net mear. Mar benammen radio’s en noch mear radio’s, mei draaitafels of kombinaasjes fan dy twa yn alderhande meubels fan ferskillende materialen en útfieringen fan alle jiertallen tusken 1925 en 2000. Jannes reparearre en knapte alles op, liet se wer spylje en glimkje. In entûsjast ferteller, syn grutskens brûsde him boppe de holle út. Oeral hie er Philipsapparaten wei helle, sels út it bûtenlân. By sawat alle tastellen hie er in ferhaal, elke radio hie in eigen lûd.

Safolle wie my wol dúdlik, myn meubelstik stie hjir treflik te plak. Jannes soe my berjocht dwaan as myn radio opknapt wie, dan moasten wy mar wer ris delkomme. Och, it fielde wol sa noflik en fertroud, dêr yn Ruinerwold by Jannes en Tessa, as wiene wy al tiden part fan syn Philipsfamylje.

septimber 23, 2023 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.