Jan Bosgraaf:  De skiednis bart wer

septimber 16, 2023 07:00 Fernijd

Kollum

“Waar we heen gaan, Jelle zal wel zien.” Dat song Wim Kan silger yn syn ferneamde âldjierskonferense fan 1966. Dit efkes as ynformaasje foar de jongere lêzers fan It Nijs. De âldere generaasje heucht it as de dei fan juster. It liet waard de grutte karnavalshit fan 1967. In wike nei it karnaval wiene der lanlike ferkiezingen. De yn Easterbierrum berne Jelle Zijlstra (1918-2001) wie minister-presidint. Nei de ferkiezingen waard er yn itselde jier oant en mei 1981 presidint fan de Nederlandsche Bank. Jelle wist dus wol wêr’t er hinne gie. Wy bleaune mei de fraach sitten, wêr’t wy hinne giene. It stie der mei it lân finansjeel min foar. Der wie in begruttingstekoart fan 900 miljoen gûne. Hjoed-de-dei soe dat krapoan 3 miljard euro wêze. Sa’n bedrach sjogge we al lang net mear raar fan op.

Benammen de ôfrûne jierren struide it kabinet mei miljarden as wie it Sinteklaas. Foar it grutste part mei de bêste bedoelingen, want troch koroana wiene we yn in krisissituaasje telâne kommen. Dat struien mei jild moat in kear in ein oan komme. Dat begrypt in bern. Ienris rekket de boaiem fan de skatkiste yn sicht. Boppedat hat de oerheid te krijen mei hegere rintelêsten. Dêrom moatte, no’t it tij ferrint, de beakens ferset wurde. Neffens in espeltsje amtners fan kwizekwânsje moat der de kommende jierren 17 miljard euro minder útjûn wurde as wy yn 2028 wer oan de Europeeske begruttingsregels foldwaan wolle. Dat betsjut in begruttingstekoart fan op syn heechst 3% fan it bruto binnenlânsk produkt. Wat dat oangiet bart de skiednis dus opnij. Sânenfyftich jier nei dy memorabele âldjiersjûn, freegje wy ús op ’e nij ôf wêr’t we hinne geane. Wat hinget ús allegearre boppe de holle?

Dêr krije we hooplik sicht op nei de lanlike ferkiezingen op 22 novimber. Want der moat in nij kabinet foarme wurde. En nij betsjut diskear ek echt nij. Want nei’t it kabinet stroffele en oer in nij asylbelied foel, jout de iene nei de oare minister, steatssekretaris en keamerlid de piip oan Marten. Guon sizze de polityk foargoed farwol. Dêr is ek noch wol yn te kommen, want it is hjoed-de-dei in hûnebaan mei alles wat se op sosjale media oer har hinne krije. Der binne lykwols oaren, dy’t har om ûnneifolchbere redenen by in oare partij oanslute. Bygelyks by Nieuw Sociaal Contract fan ’angstgegner’ Pieter Omtzigt. As it om it tal stimmen giet wat de man en syn nije partij kriget, hâldt de âlde politike oarder it hert fêst. De BoerBurgerBeweging skynt wat dat oangiet in gaadlik alternatyf te wêzen foar alderhande slach minsken. As dy partij of de fraksje no mar net in kroade fol kikkerts wurdt. Dat hawwe we yn it ferline al faak genôch sjoen. Want yn ’e fraksjes en partijbestjoeren giet it der net altyd like evenredich oan ta. Sa sit de Partij voor de Dieren sûnt it foarige wykein aardich yn swier waar. It hat in soad wei fan de figuerlike aperots, om by bisten te bliuwen. In tapasliker namme fan it ferkiezingsprogramma hiene se dan ek net betinke kinnen; “Een wereld te herwinnen”.

Oer ferkiezingsprogramma’s praat. Wa hie tinke kinnen dat der in partij is dy’t op sneldiken nei 130 kilometer yn ’e oere werom wol? Alhoewol …, der is yn elk gefal noch wol ien sa’n ’Vroempartij’. It ferskil oan CO2-útstjit mei de 100 kilometer dêr’t we oan wend rekke binne, soe mar sa’n bytsje wêze, dat wy it gaspedaal bêst wat fierder yntraapje kinne, neffens dizze ’Bbbroempartij’. Jonge ja! Der rint in sneldyk dwers troch it grutste natuergebiet fan ús lân, dêr’t alle dagen sa’n 100.000 auto’s oerhinne jakkerje. Wêrom soene wy ús bekroadzje moatte oer de ekstra CO2 dy’t útstjitten wurdt as der 30 kilometer yn ’e oere hurder riden wurdt? Om oer feilichheid mar te swijen. Yn itselde natuergebiet leit ek in 80-kilometer wei dêr’t deis yn trochsneed 4.100 auto’s oer ride. Neffens de demisjonêre minister fan Natuer en Stikstof is dy wei in ’pykbelêster’. Mar, seit de minister, de oanpak fan pykbelêsters rjochtet him net op it weiferkear, mar op de feehâlderij en de yndustry. Dan brekt jin dochs de klomp! Hawar, de kommende tiid komme der grif noch wol mear kninen út ’e hege hoed fan polityk Nederlân. “Waar we heen gaan … Caroline, Pieter, Mona, Frans, of ?? … zal wel zien.”

Boarne: pixabay.com

 

septimber 16, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.