It ûntstean fan optimisme ûndersocht troch de Ryksuniversiteit Grins en Lifelines

septimber 13, 2023 08:14

Optimisme ûntraffelje, dat is it doel fan nij ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins. Dr. Charlotte Vrijen, universitêr dosint by Untwikkelingspsychology wol witte hoe’t optimisme ûntstiet. Unyk oan it ûndersyk is dat sjoen wurdt nei de ynfloed fan sawol genen as opfieding. Troch gebrûk te meitsjen fan Lifelines kinne ferskate generaasjes ûndersocht wurde.

De RUG yn Grins (foto: Wikipedia/Fruggo – CC BY 1.0)

De funksje fan optimisme
Optimisme is it leauwen dat jins eigen takomst posityf wêze sil en it betrouwen dat it wol goed komme sil. Sok posityf tinken kin helpe om drege situaasjes te trochstean of saken te relativearjen. It is in karaktereigenskip dy’t gearhinget mei it regulearjen fan emoasjes. Optimisme wurdt dêrom faak as in positive eigenskip sjoen, mar de ynfloed kin ek minder posityf wêze. In tefolle oan optimisme kin liede ta domdrystens en it ûnderskatten fan risiko’s. Sa docht bygelyks bliken dat optimisten de risiko’s fan smoken foar harsels ûnderskatte.

Gelok befoarderje troch optimisme te begripen
By in protte ûndersyk nei mentaal wolwêzen giet it omtinken benammen út nei de negative punten, lykas psychiatryske oandwaningen en sykten. Mei har ûndersyk hopet dr. Charlotte Vrijen in tsjinhinger te bieden: “Ik wol just nei eigenskippen sjen dêr’t men krêft út putte kin. Faaks kinne wy in geloksgefoel befoarderje troch optimisme better te begripen. Bygelyks troch te ûndersykjen hokker âlderskipskwaliteiten dêroan bydrage.”

Hoe ûndersiket men it ûntstean fan in karaktereigenskip?
De ûndersyksploech sjocht sawol nei genetyske ynfloed as nei opfieding en emoasjeregulaasje. Lifelines-dielnimmers krije in fragelist dêr’t yn frege wurdt nei optimisme, de bân mei harren âlden, en hoe’t se mei negative en positive emoasjes omgeane. Dêrneist is fan in hieltyd grutter part fan de Lifelines-dielnimmers ynformaasje oer genetyske faktoaren beskikber. Sa wol dr. Vrijen ûndersykje yn hoefier’t optimisme fan âlden gearhinget mei it optimisme fan harren bern en hokker rol genetyske faktoaren, opfieding en emoasjeregulaasje dêryn spylje.

Fan septimber ôf nei 135.000 Lifelines-dielnimmers
Yn it ramt fan Lifelines dogge goed 135.000 dielnimmers mei. Dêr binne ferskate generaasjes binnen in protte famyljes by. Dat makket it Lifelines-kohort in bysûnder nijsgjirrige groep foar dit ûndersyk. De fragelist wurdt nei alle dielnimmers fan trettjin jier en âlder stjoerd. In hege respons is dêr fan grutte wearde by. Dr. Vrijen ropt alle dielnimmers op om mei te dwaan: “It makket net út oft se optimistysk binne of net. Wy hawwe just ek ynformaasje nedich oer minsken dy’t net sa optimistysk binne. It better begripen fan optimisme falt of stiet by it tal minsken dat de fragelist ynfollet. Dat is foar no dan ek myn oprop.”

Gearwurkje
Dr. Charlotte Vrijen wurket foar har ûndersyk gear mei dr. Hanna van Loo (Universitêr Sintrum Psychiatry), dy’t ûnder mear ûndersiket yn hoefier’t genen fan âlden fia opfieding it risiko op depresje yn harren bern beynfloedzje. De fragelist dy’t yn septimber nei dielnimmers stjoerd wurdt, hawwe sy tegearre opsteld. Beide brûke se dêr de foar harren relevante ynformaasje út. Beide ûndersikers hawwe in VENI-beurs foar harren ûndersyk krige (dr. Van Loo yn 2019 en dr. Vrijen yn 2022).

septimber 13, 2023 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.