‘It ritme fan RIXT’ – selektearre gedichten fan it Frysk dichterskollektyf RIXT
Resint ferskynd
- Frysk Museum keapet earste wurk mei Hylper sêne fan Christoffel Bisschop 0
- Utstallingen sûnder grinzen iepene 0
- Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus 1
- Nijewier kriget as lêste doarp yn Noardeast-Fryslân it Fryske plaknammeboerd 0
- Nederlanners wolle dat wolfeart earliker ferdield wurdt 0
Dit jier bestiet it Frysk dichterskollektyf RIXT fiif jier. Yn maaie 2018 kaam in groep dichters byinoar en waard de namme fan de ferneamde Fryske dichteresse Rixt (1887-1979) keazen foar it kollektyf dat de poëzy yn Fryslân oars op ’e kaart sette woe. Op it stuit nimme mear as fyftich dichters diel oan RIXT. De measte fan harren skriuwe yn it Frysk, mar der sitte ek Nederlânsktalige dichters by it kollektyf en guon dy’t yn Fryske streek- of stedstalen publisearje.

Boarne: RIXT/Utjouwerij Louise
By gelegenheid fan it earste lustrum komt RIXT, yn gearwurking mei útjouwerij Louise, mei in jubileumbondel. It is in seleksje út fiif jier poëzy by RIXT. De measte gedichten yn de bondel binne publisearre op de RIXT-webside of skreaun foar projekten organisearre troch RIXT. Fyftich dichters hawwe fersen foar de bondel oanlevere. In eksterne redaksje (Bert Looper, Henk Dillerop en Nika Stefan) hat de fersen foar de bondel selektearre. Fan alle dielnimmende dichters is ien fers opnommen. De bondel jout in grut ferskaat oan tema’s en foarmen. It is in kaleidoskopysk byld fan fiif jier poëzy yn Fryslân, mei in bysûndere klam op aktualiteit en maatskiplike tema’s.
De bondel ferskynt op 1 oktober 2023 en de presintaasje is ûnderdiel fan in middei en jûn mei sa’n tritich dichters, muzyk en dûns. Lokaasje is Theater De Bres yn Ljouwert, tiid fan 13.30 oere oant 22.00 oere. Op trije sneinen dêrnei (8, 15 en 22 oktober) sil it boek ek presintearre wurde op in rige dichtersmiddeis, dêr’t dichters yn wikseljende groepkes optrede sille, mei omtinken ek foar muzyk en byldzjende keunst. Lokaasjes binne Grou, Aldebiltsyl en Nijlemmer.
Boekgegevens
It ritme fan RIXT | 140 siden | Hurd omslach mei heal linnen rêch | € 22,50 | Utjouwerij Louise
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje