It iennige dat der noch op sit

septimber 13, 2023 19:41

Ynstjoerd

Willem Riemersma hie okkerdeis in “Te Gast” yn it Frysk yn de Ljouwerter Krante oer de oarloch yn de Oekraïne. Dêr stie ien sin yn, dêr’t him in kompleks fan riskante en dêrtroch libbensgefaarlike foarstellings efter ferskûlet. It stik hie as titel: “Oekraïne wol en mei net ferlieze”, en Willem pleite yn it stik foar noch mear wapens dêrhinne.

De sin dêr’t it my om giet, wie dizze: “Sy (de Oekraynske striders) jouwe har bloed, wat betsjut it dan dat it ús allinne jild kostet”. It falt my al in skoft op yn de kranten en foar de televyzje: de Nederlânske goegemeente fynt dy oarloch yn East-Europa hielendal neat om jin soargen oer te meitsjen. In idealist as Willem Riemersma tinkt (en mei him in soad oaren) dat it ús “allinne” jild kostje sil. Ferjit it! Wy koerse op dit stuit streekrjocht ta op in oarloch mei Ruslân. It hat grutte kâns, dat it Westen dizze oarloch grandioos ferliest. Foar safier’t jo fansels yn in oarloch dêr’t ek de kâns bestiet dat kearnwapens brûkt wurde kinne, fan winners of ferliezers sprekke kinne.

Mar der is mar ien lân, dêr’t jo echt bang foar wêze moatte dat it rap kearnwapens ynset: de Feriene Steaten fan Noard-Amearika. De FS hawwe oant no ta as iennichste steat yn de wrâld kearnwapens brûkt tsjin in warleaze boargerbefolking: yn 1945 yn Japan. De Amerikaanske kearnwapendoktrine fan no skriuwt de iere ynset fan kearnwapens gewoan foar. Ruslân hat ek kearnwapens, mar de Russen wolle de ynset dêrfan sa lang mooglik út de wei gean. Fan Ruslân falt dêrom te ferwachtsjen, dat in grutte oarloch mei it Westen konvinsjoneel wêze sil. Sûnder mis yn it begjin.

Ruslân hat boppe West-Europa en ek de FS it foardiel fan in ûnbidige lânmassa, mar dat it net it meast wêzentlike. Wêzentliker is de ûnderwilens ta stân kommen Russyske foarsprong op it mêd fan wapentechnology. Ein foarige iuw waard it de lieding yn Moskou dúdlik, dat de NAFO net fan doel wie him te hâlden oan it ûnthyt oan Gorbatsjow om net tichter by de grins van Ruslân te kommen. Fan dat stuit ôf hat de nije presidint Poetin, dy’t drok dwaande wie om de troch Boris Jeltsjin feroarsake púnheapen op te romjen, Russyske ingenieurs oan it wurk setten mei ien doel: ferbettering fan de wapens. Foar it gefal dat.

Ein 2013 waard it ek foar westlike waarnimmers dúdlik dat dit belied súksesfol wie. Doe waard nammentlik yn Ruslân de Severedvinsk yn bedriuw nommen. Dat is in praktysk «lûdleaze» ûnderseeër, dy’t útrist wurde kin mei krúsraketten. Ek binne der yn ferbân dêrmei nije wapens ûntwikkele, mei nammen as Tsirkon, Kalibr, Avantgarde en Kinzjal. Ik gean hjir net yn op technyske details. Sykje dy sels mar op. Mar de ferbetteringen fan de kapasiteit komme derop del, dat Ruslân no beskikt oer in soad hiel krekte en hyperflugge raketten, dy’t tidens de flecht ek noch bystjoerd wurde kinne. Dy raketten kinne ek atoomkoppen mei krije, mar dat hoecht net perfoarst. De FS geane wol yn dy rjochting, mar se hawwe se noch net. Dat betsjut yn hûs-, tún- en keukentaal, dat Ruslân ús, it himsels sa heechstimd finende Westen, op dit stuit yn syn festbûske hat. Jo moatte dan noch wol derfan útgean dat de lju yn Moskou in fernimstich gebrûk meitsje sille fan har eigen technology. It betochtsume hanneljen fan Poetin en sym omsittend laach jout oanlieding ta de oanname, dat dy ferûnderstelling op hurde fêste grûn stiet.

Mar West-Europa en de FS binne net allinnich kânsleas fanwege dy wapens. Tink ris oan de oarloch yn Fietnam en de útwurking dêrfan op de FS en West-Europa. Moarden op wichtige persoanen, wêrûnder in echte presidint, gaos en in sitewaasje fan sawat boargeroarloch. Dat kaam (komt) omdat de Amerikaanke foarstellings fierstente oerdwealske ideeën as grûnslach hawwe. De Amearikanen fan de macht  tinke, dat hja de hiele wrâld regearje kinne. Mar der is in wêzentlik ferskil tusken it Amearika fan pakwei 1950-1960 en dat fan no. Amerikanen hienen en hawwe oanstriid om te tinken dat se mei tank oan har yndustry fijannen ferpletterje koenen (kinne) mei in sa lyts mooglik ferlies oan Amerikaanske libbens. Dy sitewaasje bestiet net mear. Amearika hat dat yndustriële fermogen net mear yn dy mjitte. In konvinsjonele oarloch mei Ruslân sil Amearika ferliezen opleverje, lykas dat lân noch nea meimakke hat. It Amearikaanke leger kin gjin ferliezen fan 5 oant 10.000 yn de wike oan, lit stean 40.000 deaden, dy’t ek neamd wurde. Om it oer de Amerikaanske boargermaatskippij mar hielendal net te hawwen.

As it wier mis giet, en de tekens wize hieltiten aakliker dy kant op, dan komt der foar de FS en ek Nederlân in hiel swiere tiid. De Amerikaanske blogger Andrei Martyanov, by wa’t ik dat lies, jout in ynkringende beskriuwing fan de útwurking dêrfan op de Amerikaanske befolking. Dy beskriuwing is 1 op 1 ek tapasber op Nederlân. Martyanov: “Ik tink net dat de oerweldigjende mearderheid fan de Amerikanen, ek al binne se harsenspield troch propaganda, libje wolle soe sûnder elektrisiteit, ferwaarming, airconditioning, wetter en mei tekoarten oan iten. Mar dat IS wat in konvinsjenele oarloch mei Ruslân foar de FS betsjutte sil. Ruslân kin it Amerikaanske elektrisiteitsnet en elektrisiteitsopwekking útskeakelje as it dêrta beslút en dat is wiswier in mooglikheid dy’t de measten yn Washington boppe it ferstân giet. Lykas ik al sei: se hawwe dêrfoar net in kiste mei goed ark. Sa ienfâldich is it. Want de measten binne skytsekken en bedoarne soksesen dy’t hurd fuortrinne, lykas lefferts dogge as it eigentlike wurk begjint. Dus, hoe sjocht in werhelling fan Fietnam kear 100 derút?”

Dêrom: Ûnderhanneljen is it iennichste dat ús noch oerbliuwt.

Kerst J. Huisman

septimber 13, 2023 19:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.