Histoaryske feriening stelt plaknammebelied fêst
Resint ferskynd
De redaksje fan De Sneuper hat belied fêststeld oer de skriuwwize fan de plaknammen yn artikels dy’t yn dat tydskrift publisearre wurde. Dat stiet te lêzen yn nûmer 151, dat koartlyn útkommen is.
Sûnt 1 jannewaris 2023 hat de gemeente Noardeast-Fryslân ientalige plaknammen yn it Frysk. De redaksje hat ôfpraat de offisjele stavering oan te hâlden, sa’t dy fêststeld is yn de gemeenterieden fan Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.
De redaksje freget freonlik om dêr by it oanleverjen fan kopij rekken mei te hâlden. En oars past de redaksje sels de skriuwwize oan.
De Sneuper wurdt ien kear yn it fearnsjier útjûn troch de Historische Vereniging Noordoost-Friesland. Dy feriening bestiet sûnt 1989. It wurkgebiet is de eardere gemeenten Dongeradeel, Ferwerteradiel, Kollumerlân en it noch besteande Dantumadiel. It blêd wurdt fier bûten dat gebiet lêzen, dat de fiertaal is yn haadsaak Nederlânsk. Frysktalige stikken wurde lykwols net wegere.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje