Gysbert Japicxpriis 2023 foar Jetske Bilker

septimber 9, 2023 07:41

De Gysbert Japicxpriis wurdt dit jier oan skriuwster Jetske Bilker takend. Hja kriget de priis foar har roman Spegel en sonde. De priis wurdt op sneon 14 oktober troch deputearre Eke Folkerts útrikt.

Winneres Jetske Bilker (r.) en deputearre Eke Folkerts (foto: Provinsje Fryslân)

Neffens de advyskommisje hat de skriuwster mei har roman in ‘fakkundich literêr wurkstik ôflevere’. It tema demintens wurdt oangripend, flot en mei humor beskreaun.

Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis is de heechste literêre ûnderskieding foar oarspronklik Frysk literêr wurk en wurdt sûnt 1947 útrikt. Hy wurdt ien kear yn de twa jier takend troch Deputearre Steaten fan Fryslân, dy’t har advisearje litte troch in advyskommisje. De iene kear giet it om proaza en de oare kear om poëzy. De nammejouwer Gysbert Japicx (1603-1666) út Boalsert wurdt sjoen as de grûnlizzer fan it Frysk as moderne skreaune taal. De advyskommisje fan dit jier bestiet út Jelma Knol, Rieuwert Krol en Jarich Hoekstra. Hja hawwe proaza beoardiele dat yn de perioade 2019-2022 publisearre is.

Jetske Bilker
Jetske Bilker is yn 1960 berne yn Seisbierrum. Hja debutearre yn 1988 mei har roman Imitaasjelear (yn 1990 bekroand mei de Fedde Schurerpriis). De roman It libben fan in oar (2012) waard yn 2015 foar de Gysbert Japicxpriis nominearre. Hja sette ek ferskate boeken oer yn it Frysk.

Winneres Jetske Bilker (r.) en deputearre Eke Folkerts (foto: Provinsje Fryslân)

Oer de útrikking
De priis wurdt sneon 14 oktober yn de Martinitsjerke yn Boalsert útrikt. Hy bestiet út in oarkonde, 10.000 euro en der komt 5.000 euro beskikber om it wurk oersette te litten. Op deselde dei wurdt ek de Lytse Gysbert Japicxpriis útrikt, de priis foar it bêste Fryske gedicht, skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân.

Yn de wike foar de priisútrikking organisearret Tresoar mei oare organisaasjes de Gysbert Japicxpriiswike, in literêre wike mei ferskate aktiviteiten. Mear ynformaasje stiet op de webside fan Tresoar.

septimber 9, 2023 07:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.