Fryske film ‘Stjer’ fergees op ynternet te besjen

septimber 1, 2023 08:21

Yn septimber is it presys twa jier lyn dat de Hûnekop-film Stjer yn premjêre gie yn de Fryske bioskopen. Dêrom wurdt mei it Hûnekopfestival in echte Stjerdei organisearre en fan 6 septimber ôf sil de film op YouTube foar altyd fergees te sjen wêze.

Foto: Stjer Media

Mei de koroanagoarre siet de Hûnekop, lykas alle artysten, sûnder optredens. Fan dy gelegenheid waard doe gebrûk makke om yn gearwurking mei Janko Krist (makker fan û.o. Hea! en Man bijt Hond) in Frysktalige aksjekomeedzje te meitsjen. De ploech bestie út Bertrie Wierenga (GTST, The Passion), Harm Bakker, de Hûnekop en in grut tal Fryske artysten. De film waard in grut sukses en waard yn ’e bioskoop mear as 15.000 kear besjoen. Dêrnei waard de film noch mear as 3000 kear streamd.

Foto: Stjer Media

De hearen fûnen it tiid dat de film foar ivich fergees te sjen wêze mei op it YouTube-kanaal fan de Hûnekop. Yn it ramt fan it twajierrich jubileum fan de film sil op it Hûnekopfestival op 16 septimber yn it Thalenpark yn Drachten in echte Stjerdei holden wurde mei akteurs en artysten út de film. Hûnekop komt ek mei in nije single mei sjongpartijen fan Bertrie alias Goaitske fan Goaitsen en Harm alias Fredde de swalker. Mei as boadskip: wat der yn it libben ek bart, soargje derfoar dat de sprekwurdlike kul as in stekpeal stiet!

Stjer-premjêre op YouTube: 6 septimber 2023;
– Utkommen single en fideoklip: 7 septimber 2023;
Hûnekopfestival: 15, 16 en 17 septimber 2023.

septimber 1, 2023 08:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.