Frysk Museum organisearret fergeze rûnliedingen foar besikers mei demintens
Resint ferskynd
Fan septimber ôf organisearret it Frysk Museum op oanfraach rûnliedingen foar besikers mei demintens. Fersoargingshuzen kinne fergees in eksklusyf demintensprogramma boeke.

Demintensrûnlieding by de útstalling ‘Éric Van Hove’ yn 2019 (foto: Lucas Kemper)
Besikers wurde moandeis, as it museum hielendal leech is, waarm ferwolkomme mei kofje en koeke. De foar dat doel spesjalisearre gidsen begeliede de besikers troch de útstalling Christoffel & Kate Bisschop hinne, dêr’t de sintugen prikele wurde om oantinkens oan eartiids op te roppen. Sa wurde der âld-Hollânske ferskes songen en kinne besikers de seelucht opsnuve en fan âlderwetske snobberijen priuwe. Mei spesjale peteartechniken wurdt it petear op gong brocht en wurde oantinkens oan eartiids mei-inoar dield.
De rûnlieding is fergees te reservearjen fia friesmuseum.nl/dementieprogramma.

Demintensrûnlieding by de útstalling ‘Éric Van Hove’ yn 2019 (foto: Lucas Kemper)
In protte âldere besikers sille oantinkens hawwe by it sjen fan de útstalling fan Christoffel & Kate Bisschop: Langstme nei eartiids. Tink bygelyks oan it werkenbere Hylper skilderwurk, de rook fan in stoomtrein, in manljuskoar dat seelieten sjongt en de werkenbere sênes op de skilderijen fan Christoffel Bisschop. Om dy oantinkens te stimulearjen hat it Frysk Museum, yn gearwurking mei de Kwadrantgroep, in programma foar besikers mei demintens makke. Spesjaal foar de útstalling is it programma fergees tagonklik foar besikers mei demintens dy’t it museum yn groepsferbân besjen wolle.
Groepen binne sels ferantwurdlik foar it ferfier en de ien-op-ien-begelieding. It programma duorret likernôch njoggentich minuten en is gaadlik foar groepen oant op syn meast acht besikers.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje