Frysk Museum keapet earste wurk mei Hylper sêne fan Christoffel Bisschop

septimber 21, 2023 08:17 Fernijd

It Frysk Museum yn Ljouwert hat it earste skilderij oankocht dêr’t Christoffel Bisschop (1828-1904) in Hylper tafriel op fêstlein hat; it ûnderwerp dêr’t er mei trochbrekt. Yn in typysk Hylper ynterieur bestudearje twa froulju yn Hylper klaaiïng in grutte bibel. It skilderij, oanwûn mei stipe fan de Alma-Tadema Rûnte, is kocht by feilinghûs Hindman Auctions yn Chicago en is fan no ôf yn de útstalling Christoffel & Kate Bisschop: Langstme nei eartiids te sjen.

Yn septimber 1860 stjoerde Christoffel Bisschop ‘Zondag te Hindeloopen’ nei de Utstalling fan Libbene Masters yn Amsterdam. Syn ynstjoering wie in grut sukses. In resinsint skreau: “It skilderij mei de Hylper famkes fan Bisschop oertreft alles wat de keunstner ús oant no ta joech, en makket de ferwachting wier dy’t we fan him koesteren. Nea earder hat er syn grutte jefte foar koloryt op dy treflike wize utere.” It skilderij waard troch de útstallingsjuery mei goud bekroane en krige in plak yn de ferneamde keunstsamling fan Jacob de Vos Jacobz.

Krekt as safolle tiidgenoaten begûn Bisschop syn karriêre mei it skilderjen fan histoaryske sjenretafrielen, ynspirearre troch 17e-iuwske masters. Syn wurk waard goed ûntfongen, mar tige ûnderskiedend wie it net. Yn 1860 reizge er nei Hylpen, bekend fanwegen syn kleurrike klaaiïng en opfallende ynterieurs. Bewust socht er nei syn eigen styl. Letter fertelde er dêroer: “Yn Ljouwert, dêr’t wy wennen, kaam faak in wyfke út Hylpen by ús mem om in boadskip. No, en dy kaam dan yn har Hylper klean; sa de doarps-Fryske klean oan, witte jo wol; en doe kaam ik op it idee, dat dêr yn Hylpen wolris wat typysk, echt-typysk sitte koe. Ik gie nei Hylpen; hierde dêr sa’n húske om yn te wurkjen. En doe begûn ik mar, witte jo. Nei in skoftke kaam der in keunsthanneler út Sint-Petersburch en dy sei: “Hap!” En noch in oaren. En sûnt haw ik myn sjenre fûn, witte jo.” Al rillegau makke er in skets fan in breidzjend famke yn Hylper klaaiïng, dat ek yn de útstalling te sjen is. It panieltsje is sa flot skildere dat er it nei alle gedachten foar eigen gebrûk bedoeld hie. It skilderij ‘Zondag te Hindeloopen’ dêrfoaroer is tige fyntsjes skildere, hielendal yn line mei syn learmasters en 17e-iuwske foargongers. It wurk smiet hege eagen op de Utstalling fan Libbene Masters.

Publyksfavoriten
Yn Hylpen die Bisschop net inkeld ynspiraasje op, hy sammele der tal fan kostúms, meubilêr en snústerijen. Mei al dat moais koe er thús yn alle rêst in tafriel gearstalle. Syn foarstellingen mei figueren yn Hylper en Fryske kostúms waarden publyksfavoriten op útstallingen yn binnen- en bûtenlân, dêr’t syn sênes útgroeiden ta in oansprekkend symboal foar de Nederlânske kultuer – mei as gefolch dat de oanlûkingskrêft en nammebekendens fan ‘it fergetten Fryske stedsje’ foar in belangryk part oan Bisschop taskreaun wurdt. Syn romantisearre byld fan it ienfâldige libben dat noch net sa lang lyn ferdwûn like, rôp in langstme nei de goede âlde tiid op.

Lês hjir mear oer de útstalling oer Christoffel en Kate Bisschop.

Christoffel Bisschop ‘Zondag te Hindeloopen’, 1860 (boarne: Frysk Museum)

septimber 21, 2023 08:17 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.