Frans Bromet mei de hûn

septimber 13, 2023 10:56

De hûn is yn Nederlân ien fan de populêrste húsdieren. Der wurdt wol sein dat hûnen yn uterlik en yn dwaan en litten in feilleaze spegel fan de minske binne. Oft dat ek sa is, wurdt fan woansdei 20 septimber ôf dúdlik as Frans Bromet, mei syn nije tv-programma Met Bromet naar hondencursus, de relaasje fan de minske en syn bêste freon, de hûn, beljochtet.

Frans Bromet. Foto Sebastiaan ter Burg. Boarne: Wikimedia Commons CC BY 2.0

Frans Bromet: “Het programma gaat over iets alledaags, maar daarachter gaat een wereld schuil die veel zegt over ons mens-zijn en ons een blik gunt in onze al dan niet vermeende opvattingen. Het zijn dit soort series waarop ik me het meest verheug, omdat ze ons een spiegel voorhouden.”
Met Bromet naar hondencursus is in fleurich en oandwaanlik programma dêr’t de bân tusken de minske en de hûn sûnder betingst sintraal yn stiet.

Yn it programma folget Bromet minsken dy’t mei de hûn op kursus geane. Wêrom dogge se dat? Fan de net te ûntrinnen puppykursus oant it skieppedriuwen; fan de sêfte oanpak fan de reikisaakkundigen oant de hurde oanpak fan hierargyske keppelfanaten. Hy komt yn alle iepenens op harren ôf om foaral te witten te kommen: wa binne dy minsken mei in hûn, en hokker relaasje hawwe se no eins mei-inoar? Hy folget ek oaren, dy’t fertelle oer it bysûndere libben dat se mei harren hûn hawwe. Der binne guon by dy’t wol njoggen hawwe; oaren adoptearren út East-Europa strjithûnen mei eangstoandwaningen en dy’t mar net harkje wolle.

Met Bromet naar hondencursus is fan woansdei 20 septimber ôf alle wiken om 21.10 oere op NPO 3 te sjen.

 

 

septimber 13, 2023 10:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.