Foarsitter Frysk Boun om Utens: In unyk momint yn de skiednis
Resint ferskynd
Iepeningstaspraak fan foarsitter Jan Bijkerk op de fiering fan 100 jier Frysk Boun om Utens, sneon 16 septimber 2023.
Sa’t de measten fan jimme wol witte, hawwe wy mei de jubileumkommisje al twa jier dwaande west om dizze dei te fersoargjen en hjoed is it dan einliks sa fier. De kommisje hat besocht om der in moaie, nijsgjirrige en feestlike dei fan te meitsjen mei ferskate ûnderdielen: sprekkers, sjongers, kabaret ensafuorthinne.
Ik wol earst graach fiif jier yn de tiid tebek, 14 april 2018. Doe fierden wy ús 95-jierrich bestean yn it Provinsjehûs yn Ljouwert. In prachtich feest. Yn myn iepeningstaspraak haw ik doe foar de takomst fan it Frysk Boun en de kriten de metafoar fan it fytsen brûkt. Wy hawwe ús doe ôffrege, hoe sit it feitlik mei ús Fryske kriten? Hawwe dy de wyn mei of tsjin? Helje wy mei dit oantal kriten de hûndert jier noch?
No, minsken, it is no 2023 en hjir sitte wy dan om it hundertjierrich jubileum te fieren. Fansels binne wy yn de ôfrûne fiif jier wol wat fytsers kwytrekke – de kriteploech út De Haach koe net meikomme en de kriten fan Utert en Seist hawwe tegearre wer in nije ploech foarme. Mar mei op dit stuit tolve kriten, hawwe wy dochs de tuskensprint fan de hûndert jier helle. In tuskensprint, ja, want wy hâlde fansels noch net op! En wy meie der allegearre tige grutsk op wêze dat wy dat mei-inoar berikt hawwe!
Mar ik wol hjoed noch wat fierder yn de tiid tebek gean: nei de skiednis fan it Boun. Wat wie no de oarsaak fan it ûntstean fan de kriten en selskippen bûten Fryslân? Sa’t jimme wol witte, rinne emigraasjeweagen as in reade tried troch de skiednis fan it minskdom. Oanienwei lûke minsken fuort, suver altyd út need, twongen troch oarloggen, hongersneden of ekonomyske resesjes. Op ’e siik nei in feiliger en/of ekonomysk better bestean. Hjoed-de-dei ûnderfine wy dat noch hieltyd: minsken út Afrika en Oekraïne dy’t in feilich lân sykje yn Europa en fansels ek yn Nederlân. Sa ûntstie der yn de twadde helte fan de njoggentjinde iuw yn Fryslân in regelrjochte ekonomyske krisis. Yn dy tiid ferlieten sa’n 35.000 Friezen harren bertegrûn, om earne oars harren heil te sykjen. In twadde grutte emigraasjeweach kaam flak nei de Twadde Wrâldoarloch op gong. Nochris ferlieten in protte Friezen it ‘heitelân’, om ‘yn ’e frjemdte’ in nij bestean op te bouwen. Net allinnich yn Nederlân, mar ek bûten de grinzen, yn Europa en sels fier dêr bûten.
It Fryske selskipslibben om utens is, foar safier’t wy neigean kinne, dan ek al mear as 125 jier âld. De Hollânske stêden wreiden har út en hiene ferlet fan hantwurkslju en fan froulju foar it wurk yn de húshâldingen. De folle hegere leanen om utens en it aventoer lokken, en sa giene se: de jongfammen, de jongfeinten en faak ek húshâldingen. Se kamen troch it hiele lân telâne! Friezen, sei immen ris, is krekt kwea jild: se sitte rûnom!
Mar stêd en lân wiene frjemd foar harren, de taal en de kultuer, brûkmen en mentaliteit ferskilden gâns fan wat se wend wiene. Se waarden ûnwennich en krigen langstme nei de bertegrûn. Der wie lykwols gjin wei werom. Dêrom sochten se inoar op. Al wiene se ek frjemd foarinoar, der wiene op syn minst twa dingen dy’t harren bûnen: de Fryske taal en de Fryske kultuer; koartsein, harren Fryske komôf. Troch dy moetingen ûntstiene ein 19e iuw de earste ferieningen fan Friezen bûten Fryslân, de ‘Fryske Kriten’. De minsken koene yn de eigen taal it hert ris útstoarte. De taal, ja, de eigen taal, dy die it him foaral: dy makke, dat de minsken harren thús fielden.
Yn de rûchwei 125 jier dy’t efter ús leit, binne yn Nederlân sa’n 200 Fryske Kriten oprjochte. Ut harren fermidden kamen njonkelytsen lju nei foaren dy’t op it gebiet fan toanielspyljen en foardragen wat mear as sljochtweihinne koene. Der kamen minsken út oare fermiddens yn de selskippen: leararen, amtners en sa. Dat joech dan út en troch wol ris wat strideraasjes. Guon rekken inoar troch dat ûnderskied yn sommige húshâldingen kwyt. Falle en wer oerein komme wie it faak, mar stân holden se wol!
Yn de earste jierren bestie der tusken de kriten ûnderinoar suver gjin kontakt. Yn maart 1903 die de krite yn Apeldoarn in oprop foar in mienskiplike gearkomste fan de kriten yn Nederlân. Spitigernôch bestie dêr mar in bytsje animo foar. It siedsje wie lykwols plante en al rillegau dêrnei sochten de kriten aloan mear kontakt mei-inoar. Guon kriten hawwe harren oansletten by it yn 1844 oprjochte ‘Selskip for Fryske Tael en Skriftekennisse’, koartwei ‘Selskip 1844’. Mar by it ‘Selskip 1844’ hiene se lykwols net sa’n hege pet op fan dy ‘bûtenkriten’. Dochs hiene yn 1905 al 28 kriten har oansletten. It wie dúdlik dat der behoefte wie oan in oerkoepeljende organisaasje. Yn de gearkomste fan desimber 1905 yn Utert waard troch njoggen kriten it ‘Boun fen Fryske Selskippen bûten Fryslân’ oprjochte.
De wrâld stelde nei de oarloch fan 14-18 lykwols nije easken. De bûten-Friezen woene mear, mear en better kultureel wurk mei oanpart yn de algemiene Fryske beweging. Dat koe allinnich as se mei-inoar as in ienheid nei foaren kamen. It earste besykjen mislearre lykwols nei in jiermannich. Op 24 novimber 1918 waard besletten ‘It Boun fen Fryske Selskippen bûten Fryslân’ op te heffen. It ‘bûnleaze’ tiidrek soe fiif jier duorje. Yn de gearkomste op Pinkstermoandei yn juny 1922 yn it Noard-Hollânske Bergen, giene der fannijs stimmen op, om ta in nije oerkoepeljende organisaasje te kommen. Yn in gearkomste yn Utert op 15 septimber 1923, juster op ’e kop ôf hûndert jier lyn, waard opnij ta de oprjochting fan ‘It Boun fen Fryske Selskippen bûten Fryslân’ besletten.
Yn dat Boun waard tocht oan it befoarderjen fan it hâlden fan Friezedagen. It hâlden fan toaniel-, en sjongwedstriden, it oprjochtsjen fan Fryske Selskippen en it organisearjen fan de kolportaazje om de ferkeap en it lêzen fan Frysktalige boeken troch de Friezen te befoarderjen. Yn it algemien datjinge te stypjen en te stimulearjen dat de Fryske saak befoarderje kin. Op 6 july 1924 waard yn Bilthoven troch it Bûtenboun – de koarte namme foar ‘It Boun fen Fryske Selskippen bûten Fryslân’ – in ‘Friezedei’ organisearre dêr’t sa’n alvehûndert minsken op ôf kamen. Twa jier letter besochten sa’n seizentweintichhûndert minsken de ‘Friezedei’ yn Amersfoart. It wie dúdlik dat der ferlet wie fan sa’n dei.
Troch de opkomst fan it nasjonaalsosjalisme yn Dútslân, waard de takomst tige ûnwis. Dochs waard yn de earste oarlochsjierren troch it Bûtenboun yn Utert in Algemiene Gearkomste holden. It Bûtenboun en de kriten kamen de oarlochsjierren lykwols net sûnder kleanskuorren troch. Yn jannewaris 1942 kaam de skriuwer fan it Bûtenboun, mei de frou en twa bern, by in bombardemint op Rotterdam om it libben.

Foarsitter Jan Bijkerk sprekt op de jubileumgearkomste fan it Frysk Boun om Utens de manmachtich opkommen Bûtenfriezen ta. Foto: It Nijs
De earste jierren nei de oarloch stiene yn haadsaak yn it teken fan de trochstart fan it Bûtenboun en de kriten. Yn 1948, by it sulveren jubileum fan it Bûtenboun, waard de namme feroare yn ‘It Frysk Boun om Utens’, koartwei ek wer ‘Bûtenboun’ neamd. Yn koarte tiid rûn it tal leden fan de kriten op nei sa’n seistûzen, en yn 1957 wiene der al 36 kriten mei mei-inoar sântûzen leden. Dêrnei foel der yn it tal oansletten kriten in omkear te bespeuren. Yn 1986 hiene de 21 kriten noch sa’n fjouwertûzen leden.
Troch de fluch feroarjende maatskippij hiene en hawwe de kriten lykwols net genôch oanlûkingskrêft op de jongere generaasjes Friezen. Dat ferskynsel is lykwols algemien by ferieningen. Fan de njoggentiger jierren ôf – mei de opkomst fan ynternet en de mobile telefoan – is de needsaak om inoar as Bûtenfriezen fysyk te moetsjen folle lytser wurden. Wy lizze no ommers oeral en altyd, ienfâldich kontakt – mei lûd én byld – mei de hiele wrâld. Hjoed-de-dei binne der noch tolve kriten by it Bûtenboun oansletten, dy’t mei-inoar sa’n alvehûndert leden hawwe. Foar it bestjoer fan it Bûtenboun is dat lykwols gjin reden om de moedfearren hingje te litten of it byltsje derby del te lizzen. Krektoarsom!, it bestjoer stribbet fûleindich troch nei it fuortbestean fan it Bûtenboun en de Fryske kriten yn Nederlân.
Der wiene guon kriten dy’t spitigernôch gjin lang bestean hiene. Oare kriten holden it lykwols langer fol. In stikmannich kriten besteane sels mear as hûndert jier. De âldste noch besteande krite is it ‘Frysk Selskip Swol’, dat op 8 febrewaris 1899 oprjochte waard. Ut en troch komt in krite op it punt, dat er himsels út need opheffe moat. Soks hat alles te krijen mei in tebekrinnend tal leden troch ‘fergrizing’ en it net fine kinnen fan bestjoersleden.
Troch dy ûntwikkeling hat it Boun de ôfrûne jierren nije wegen ynslaan moatten om de bân tusken de kriten ûnderinoar en dêrmei ek tusken de leden fan de kriten yn stân te hâlden. Dêr wurdt sawol gebrûk by makke fan ús eigen webside, as fan e-mail, Facebook en nijsbrieven om aktueel nijs buorkundich te meitsjen. Om soks dwaan te kinnen, sammelet it Bûtenboun de e-mailadressen yn fan sawol de leden fan de oansletten kriten, as fan oare Friezen dy’t bûten de provinsje Fryslân wenje, wêr yn ’e wrâld dan ek. En elkenien kin him fansels oanmelde as ’e-mailfreon’ fan it Bûtenboun.
Troch de hiele skiednis fan it minskdom rint in reade tried fan minsken dy’t, út needsaak ‘yn ‘e frjemdte’ bedarje. Yn in folslein oare omjouwing as wêr’t se yn hikke en tein binne. Dat jildt ek foar de tsientûzenen Friezen dy’t út Fryslân wei gien binne, mar út wa’t Fryslân net weigien is. Om de bekende Fryske kabaretier Rients Gratama silger te sitearjen; ‘Jo krije in man wol út it lân, mar jo krije it lân net út in man.’
En dan freget men jin fansels wol ôf, hoe’t de takomst derút sjen sil. No, op dit stuit net sa hiel roaskleurich – wy hawwe lûden heard út in pear kriten dat der lestich bestjoersleden te krijen binne. Mar persoanlik haw ik dochs noch goede hoop. Tsien jier lyn seine wy ek al tsjininoar dat wy de hûndert jier net helje soene. Ik gean der hjoed fan út dat wy yn alle gefal de 110 jier noch wol helje sille! Ik wol dan ek graach alle kriteleden oproppe om jimme kriten te stypjen as frijwilliger, as bestjoerslid of hoe dan ek! Mei tritich leden op in gearkomste kin it noch bêst gesellich wêze en dêr giet it úteinlik ek om.
Bêste minsken, wy hawwe hjoed in grut feest. Jimme hawwe yn it programmaboekje wol lêze kinnen wat der hjoed te barren stiet. Dat hat fansels in protte jild koste. Neist it jild dat wy as Boun deryn stutsen hawwe, kinne jimme sjen dat der in protte advertearders yn ús programmaboekje steane. Dy advertearders wol ik hjirby tige tank sizze foar harren stipe. Dat wy safolle advertearders hawwe, dat komt op namme fan in lid fan de krite Hurderwyk te stean, Fokke Zandstra! Dy man hat it hiele lân ôfsneupt om safolle mooglik advertearders te krijen. Fokke, tige tige tank.
En wy meie fansels de subsydzjeskinkers ek net ferjitte. Dat binne de Provinsje Fryslân, de Douwe Kalma Stifting, it Jan Roelof Geertsmafûns, de Ried fan de Fryske Beweging en it Frysk Amateur Toaniel (it IFAT). Fan dit plak ôf wol ik graach dy organisaasjes tige tank sizze. Sûnder harren hiene wy net sa’n grutte dei organisearje kinnen. Nochris tige tige tank!
Bêste minsken, ik slút ôf. De eigen taal, de eigen kultuer en de eigen identiteit sitte by Friezen tige, tige djip. Oanfjurre troch it bestjoer en mei in grutte ynbring fan de jubileumkommisje, hawwe de noch besteande kriten har derfoar ynset om hjoed, op sneon 16 septimber 2023, it hûndertjierrich bestean op in bjusterbaarlike wize te betinken en te fieren.
In iuw lang hawwe de opinoar folgjende bestjoeren har ynset foar de ynstânhâlding en it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer en it besef fan de Fryske skiednis en identiteit ûnder de Friezen bûten Fryslân. Foar it hjoeddeistige bestjoer wie dat de reden om dit jubileumfeest te organisearjen. It is net allinne in unyk momint yn de skiednis fan de Friezen bûten Fryslân, mar likegoed yn de skiednis fan Fryslân en Nederlân.
Tankjewol.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje