Foarlêsbus jout startsein foar Lês-mar-foarwiken

septimber 10, 2023 08:14 Fernijd

Fan 11 oant en mei 29 septimber binne de ‘Lês-mar-foarwiken’! Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling, hielendal foar in minderheidstaal as it Frysk.

Boarne: Afûk

Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar-foarwiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje en foar bern fan 4 o/m 8 jier ferskynt der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Foar de grutte minsken is der in spesjale edysje fan it tydskrift heit&mem. Yn de biblioteken is ek ekstra omtinken foar it foarlêzen yn it Frysk en dêr wurde alderhande foarlêsaktiviteiten organisearre. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Lês-mar-foarwiken op de nije webside: www.lesmarfoar.frl.

Foarlêsbus fan Arriva
Op tiisdei 12 septimber sil it startsein foar de Lês-mar-foarwiken jûn wurde mei in echte Tomke&Keimpe-foarlêsbus. Om 11.00 oere rydt de bus fan Arriva it plein op fan IKC Toermalijn yn Frjentsjer, en dêrnei wurdt de bern fan de pjutte-opfang en de ûnderbou yn de bus foarlêzen troch in echte bussjauffeur. De foarlêsbus rydt mei de Lês-mar-foarwiken troch de provinsje en docht dêrby ek noch in tal oare pjutte-opfanglokaasjes en skoallen oan.

Nij Tomke-boekje
Op de pjutte-opfang wurdt foarlêzen út in nij Tomke-boekje, dat dit jier ‘wetter’ as tema hat. It boekje hjit Lekker spatterje! en sit grôtfol moaie ferhaaltsjes, ferskes en gedichtsjes. Dy geane oer fan alles wat pjutten belibje kinne: inoar wietspuitsje, blomkes wetter jaan en lekker boatsjefarre. Alle pjutte-opfanglokaasjes, bernesintra en dielnimmende gastâlden hawwe in foarlêspakketsje krige, mei dêryn boekjes en in lesbrief mei foarlêstips. Nei it foarlêzen krije alle pjutten in boekje mei nei hûs. It Tomke-boekje komt dit jier ek út yn it Stellingwerfsk, Biltsk én foar it earst ek yn it Franekers.

Boarne: Afûk

Nij Keimpe-boekje
Keimpe de Krokodil wol, krekt as Tomke, dat bern mear Fryske boeken en ferhaaltsjes lêze. Foar bern fan 4 oant en mei 8 jier leit dêrom yn de biblioteken in fergees nij Keimpe-boekje klear, By ús thús. Yn dat boekje sitte ferhaaltsjes en spultsjes oer bygelyks in hutte bouwe yn ’e keamer, útfanhúzje by beppe en nei de romte. Alle skoallen krije it boekje en de byhearrende lesbrief tastjoerd, en kinne it Frysk (foar)lêzen dêrmei in ekstra stimulâns jaan.

Ekstra heit&mem
Spesjaal foar de Lês-mar-foarwiken ferskynt in ekstra edysje fan de heit&mem. Mei ûnder oaren moaie foarlêsferhalen, in fraachpetear mei skriuwster Annet Schaap oer de Fryske oersetting fan Lampje, en de moaiste berneboeken en foarlêstips foar bern fan alle leeftiden. De heit&mem Lês mar-foaredysje wurdt útdield op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen.

Boarne: Afûk

Feest yn de biblioteek
Yn de biblioteken binne ferskate foarstellingen te sjen. Janneke Brakels sil sjonge en muzyk meitsje mei de pjutten en mei Willy van Assen fan Danswil kin der lekker dûnse wurde yn har nije foarstelling. Yn guon biblioteken kinne de pjutten ek mei Tomke op ’e foto. Grutte minsken kinne yn de biblioteek de spesjale Lês-mar-foaredysje fan it tydskrift heit&mem ophelje. En wa’t it nije Tomke-temaboekje of Keimpe-boekje noch net hat, kin it yn de biblioteek krije.

Oare foarlêsfeestlikheden yn de ‘Lês-mar-foarwiken’
Yn it programma Tsjil fan Omrop Fryslân binne – op telefyzje én online − wer hagelnije Tomke aventoeren te besjen en dêrneist ek noch fjouwer filmkes fan besteande Fryske printeboeken. Op Tjitsfloch fan Omrop Fryslân binne alle ferhaaltsjes en ferskes út it Tomke-boekje te hearren.

It Lês-mar-foarprojekt is in mienskiplik inisjatyf fan de Tomke– en de Keimpe-wurkgroep en wol mei in jierlikse kampanje omtinken freegje foar it foarlêzen yn it Frysk oan bern fan 2 o/m 8 jier.

septimber 10, 2023 08:14 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.