Film oer loaiens yn Keunsthûs SYB
Resint ferskynd
Op de Iepen Monumintedei op sneon 9 septimber 2023 presintearret Keunsthûs SYB in film fan de keunstners Rumiko Hagiwara en Mounira Al Solh, dy’t yn 2014 te gast wiene by SYB foar in residinsje.

Rumiko en Mounira yn petear oar loaiens (boarne: Keunsthûs SYB)
Rumiko Hagiwara (Japan) en Mounira Al Solh (Libanon) wurken yn 2014 yn SYB om loaiens (de luiheid) te trochgrûnjen. Want as loaiens ek ferset wêze kin en sels in oare foarm fan wurkjen, dan hat dy in funksje, in doel.
Yn In Praise of Laziness freegje Hagiwara en Al Solh harren ôf hoe’t we loaiens sa op ’en nij wurdearje kinne dat we in tsjinwicht biede kinne oan it oardiel dat ús faak yn ’e holle sit as we ús tiid fergrieme mei sabeare liddigens. Wat bedijt men dêryn? Dochs net allinnich de stim fan de duvel, wol?
Keunsthûs SYB: “It Hûs mei de Earn”, Haadstrjitte 70, Beetstersweach
Iepeningstiden: 11.00 – 17.00 oere
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje