Ferhaal Ronald Giphart ek yn it Frysk by Nationale Voorleeslunch
Resint ferskynd
De Nationale Voorleeslunch, dy’t dit jier foar de alfde kear wêze sil, lit sjen dat foarlêzen ek foar âlderein in noflike en ferbinende aktiviteit wêze kin. It foarlêzen fan in ferhaal jout ûntspanning en is faak in oanlieding om mei-inoar te praten of oantinkens op te heljen.

Boarne: Afûk
It Foarlêsmiddeismiel wurdt organisearre troch de Leescoalitie, yn gearwurking mei biblioteken en fersoargingshuzen en is dit jier op freed 6 oktober 2023. It ferhaal is spesjaal foar dy dei skreaun troch Ronald Giphart en yn it Frysk oerset troch de Afûk. It is oan te freegjen fia friesindezorg@afuk.frl.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de Nationale Voorleeslunch op www.nationalevoorleeslunch.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje