Feie Fonyk: Fuort mei it gymnasium

septimber 14, 2023 19:28

It Kristlik Gymnasium Beyers Naudé, Ljouwert (Foto It Nijs)

Kollum

Ofrûne simmer wiene der op ’e nij lûden om it gymnasium no mar ris ôf te skaffen. “Fuort mei dat wite elite bolwurk”, skreau Sarah de Gruyter op 27 augustus yn de Volkskrant.  

It is mar ien fan de lûden fan de lêste jierren. Guon minsken binne fan betinken dat men neat hat oan dy deade talen fan it gymnasium, it Gryksk en Latyn. Men kin de tiid better oan in oare taal besteegje.

Mear as in miljard minsken hawwe Sineesk as memmetaal. It Ingelsk folget op it twadde plak. Dat wurdt folge troch Spaansk en Hindy. De lêste taal wurdt yn Yndia, Pakistan en Nepal praat. Jouwe  we omtinken oan hoefolle minsken oft in bepaalde taal brûke kinne, dus net as memmetaal, dan sjocht it der oars út. Lit ús it Frânsk as foarbyld nimme. Dat is de memmetaal fan santich miljoen ynwenners fan Frankryk, België, Switserlân en Kanada, mar yn totaal binne der hast twahûndertfyftich miljoen minsken dy’t dizze taal brûke kinne, de measten dêrfan wenje yn Afrika, bygelyks yn Algerije en Tunezië.

It Ingelsk hat lykwols de grutste kommunikative wearde. Der binne mear minsken dy’t har rêde kinne mei dy taal as mei hokker oare taal dan ek. Dat  hat oars west. Oant de njoggentjinde iuw waard it Frânsk yn Europa brûkt as “lingua franca”, in mienskiplike taal. It Latyn fungearre op dy wize ek, mar der is gjinien mear dy’t Latyn praat, útsein in pear roomsk-katolike âlde manlju. Dochs leare learlingen fan it gymnasium noch Latyn, hoewol’t der minder oeren oan bestege wurde as earder.

 Gelokkich hawwe we yn Ljouwert noch twa selsstannige gymnasia. It ‘Stedelijk’ giet werom op de Latijnse school út de 16e iuw en hat in lytse 600 learlingen. Dat tal jildt ek foar it Kristlik Gymnasium Beyers Naudé dat yn 1921 oprjochte waard as Gereformeerd Gymnasium.

It Ljouwerter stedsgymnasium (foto It Nijs)

It docht bliken dat in soad gymnasiumlearlingen op de eineksamens problemen hawwe mei it oersetten fan Latynske of Grykske teksten. In jiermannich lyn frege ‘De Verkenningscommissie Klassieke Talen’ him ôf oft it eksamen yn dy foarm bliuwe moat. Ommers it is in “swiere lêst foar de puberharsens.” Dat is wier, mar it argumint dat puberharsens dêr net geskikt foar binne, liket my ûnsin. Der sille grif in soad pubers wêze dy’t grutte muoite hawwe mei it Gryksk en it Latyn, mar dy learlingen en harren âlden moatte harsels ôffreegje oft it gymnasium dan wol in geskikte skoalle is. It is gjin skande om ta te jaan dat de grammatika fan dy talen foar in protte bern te dreech is.

Minsken hawwe ferskillende redenen om frjemde talen te learen. Alderearst binne der redenen fan wurk en hannel. De twadde reden is reizen en fakânsje, mar men kin in frjemde taal ek leare foar persoanlike ûntjouwing. Om al dy redenen is it ferstannich om jin ôf te freegjen oft it praktysk is om in soad tiid te ynvestearjen yn it learen fan Latyn of Gryksk. Beide talen wurde net mear sprutsen en se binne net nedich om yn ‘e kunde te kommen mei de klassike kultuer, om’t de wichtichste teksten yn oersetting beskikber binne. In part fan de frijmakke tiid kin dan bestege wurde oan it learen fan oare talen mei oannimliker maatskiplik nut, lyk as Frânsk of Spaansk.

It is meastal net om de âlde talen dat âlden foar harren bern it gymnasium kieze. De wichtichste reden is dat op it gymnasium oer it generaal bern te lâne komme dy’t net allinne goed  leare kinne, mar ek nocht oan learen hawwe. It is in skoalle foar toptalint. De harsens fan dy talintearre learlingen wurde mei traind troch Latynske teksten oer te setten. En yndied: dat is te dreech foar de measte puberharsens en dat betsjut seleksje. Dêr is neat mis mei. Ik bin noch nea ien tsjinkommen dy’t fan betinken wie dat elke fuotballer meidraaie moat yn de ‘earedivyzje’. Fansels net. Dy earedivyzje fan de skoallen, it gymnasium, moat derom bliuwe.

septimber 14, 2023 19:28
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Klaas Groen | Grinsgefål septimber 20, 20:33

    Ik toch dåt it grutste probleem wie dåt it gymnasium brûkt waard om jinsels te profilearjen en te ûnderskieden fån oaren. Sa soe it in eigen elitêre ‘bubble’ foarmje wêryn jongerein omhingje mei lyksoartigen. Mar yn Fryslân spilet dit ûnderwerp gelokkich noch minder ås yn de Rânestêd, of it moat yn Ljouwert wêze.

    Ik ha sels gymnasium dien op it Drachtster Lyceum, mar dêr wie it bepaald net in manier om in bepaalde status te berikken lykås mei de kategorale gymnasia fån hjoeddedei. It sil grif mei de regio en skaalgrutte te meitsjen hawwe.

    Fierder soene wy der goed oan dwaan om ål ús talen fån binnen nei bûten te ûntwikkeljen. Dus earst de eigen talen Nederlânsk en Frysk, folge troch it Ingelsk. En dêrnei wer fierder sjen oer de grins nei bygelyks Frânsk, Dútsk en oare talen ås je dêr de dosinten foar fine kinne.

    Ik twifelje noch hieltyd oer de âlde, deade talen. Soe it net nijsgjirriger wêze om jinsels fia ynternasjonale útwikseling ûnder dompeljen te litte yn in moderne frjemde taal? Dåt smyt mear op ås passive behearsking fån in taal dy’t ferstoarn is.

  2. Jan A.Schulp septimber 21, 11:42

    In part fan de problemen mei de âlde talen sit yn it lytsere tal oeren. Self ha ik op in kategoriaal gymnasium sitten (Gereformeerd Gymnasium yn Amsterdam) en dêr begûnen wy mei sawn oeren Latyn yn ‘e wike, en letter wie it foar Gryks en Latyn elts fiif oeren. Pas yn de lêste twaalf nierren, de beta- oplieding waard it redusearre ta vrije oeren. Ik ha de âlde talen mei in soad wille dien; myn âlde talen binnen op 78ste noch yn steat fan nij. Dat de bern der op’t heden problemen mei hawwe komt grif fan it lytsere tal oeren.
    Indien, gymnasium om dysels te profylearjen hat gin sin. In bern moat nei it gymnasium as bleken docht dat it wille hat man taal en der ek goed yn is. Latyn en Gryks binne de basis fan ús Westerske kultuer, dër sit it belang.

  3. jaspersanderfrl septimber 21, 12:56

    It hat net in soad fan dwaan mei de rêst fan it kollum, mar freegje my dochs ôf oft man sizze kin dat der mear as in miljard minsken ‘sinees’ as memmetaal hawwe. Is dat net krekt as in Sinees dy sizze soe dat der twahûnderdfyftich miljoen minsken binne dy’t Germaansk as memmetaal hawwe?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.