‘Etyske ynbraak’ lit sjen dat Siuwsk provinsjehûs net goed befeilige is
Resint ferskynd
It provinsjehûs yn Seelân is net goed tsjin ynbrekkers befeilige. Dat docht bliken út ûndersyk fan de Rekkenkeamer Seelân. Dy frege in sabeare gast om it provinsjehûs yn Middelburch yn te gean. Troch efter in meiwurker oan te rinnen, koe er sûnder paske yn it ôfskerme part fan it gebou komme.

Provinsjehûs Seelân (foto: Wikipedia/Uwe Barghaan, eigen wurk – CC BY 3.0)
Dêrnei siet er in dei lang yn ferskillende romten, ûnder mear yn de gearkomsteseal fan Deputearre Steaten. Hy fûn in kompjûter yn in kast dy’t net ôfsletten wie. Dêr koe er oeren sûnder steurd te wurden besykje om it ynterne systeem te hacken. Net earder as nei sân oeren waard de ynkringer troch in meiwurker ûntdutsen. “Hie er kwea wollen, dan hie er bygelyks de Admiraliteitsseal fan ôfharkapparatuer foarsjen kinnen”, skriuwt de Rekkenkeamer.
Swakke wachtwurden
De provinsje Seelân besiket al jierren om de ynternetfeiligens te ferbetterjen, skriuwt Omrop Seelân. Hoewol’t dy yn oarder is, kin it mei de fysike feiligens noch gjin sprekken lije, stiet yn it ûndersyk. “It is goed dat op dizze wize nei de organisaasje sjoen wurdt en it jout ús de plicht om deroer nei te tinken”, reagearret deputearre Dick van der Velde. “Mar de diskusje wurdt wol hieltyd fierd op it snijflak fan: wat is feilich en wat is gastfrij? De mjitte fan tichttimmerjen giet altyd op kosten fan it gastfrijheidsgefoel, mar soks moat fansels gewoan net kinne.”
Oare partijen dy’t mei de provinsje gearwurkje, lykas de Westerskeldefearboat, de Westerskeldetunnel en de RUD Seelân, waarden ek troch in etyske hacker hifke. By de RUD, de miljeutsjinst fan Seelân, slagge it de ynbrekker om fan bûtenôf yn it systeem te kommen, trochdat dêr swakke wachtwurden brûkt wiene.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje