Eland yn Stockholm deasketten nei blokkearjen metro
Resint ferskynd
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
- Temajûn ‘De grutte omslach’ mei Jan Rotmans yn Boalsert 0
Yn Stockholm is in eland, dy’t in drokke metroferbining blokkearre, deasketten. It bist wie troch de ôffreding fan de boppegrûnske stasjons fan de reade metro brutsen. As gefolch fan it losbrekken giene sân metrostasjons ticht, berjochtsje lokale media.

Foto: pixabay.com
De reade metro rint fan it noarden fia it stedssintrum nei it suden fan de Sweedske haadstêd. De eland bruts om 11.00 oere hinne troch de ôffreding fan de metrohalte Varby Gard yn it súdeasten fan de stêd, seit in wurdfierder fan Stockholm Metro tsjin it Sweedske parseburo TT. It metroferkear yn noardlike rjochting tusken de halten Varby Gard en Sätra hat in oeremannich stillein.
Fangen mislearre
Neffens it metrobedriuw rûn it bist fluch hinne en wer. Doe’t it fangen mislearre, waard it bist om 15.00 oere hinne by Varby Gard deasketten. It metroferkear waard koart dêrnei wer opstart. Yn Sweden libje sa’n 300.000 elanden. Jierliks wurde der likernôch 90.000 fan ôfsketten, foar in part fanwegen de jacht en foar in part om de populaasje ûnder kontrôle te hâlden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje