Eise Eisinga Planetarium kriget Wrâlderfgoedstatus

septimber 19, 2023 11:34

It is feest yn Frjentsjer, want fan hjoed ôf hat it Eise Eisinga Planetarium in Unesco Wrâlderfgoed-erkenning. In prestaasje fan wrâldklasse dêr’t al tsientallen jierren oan wurke is. Fan de trettjin Nederlânske Unesco Wrâlderfgoederkenningen binne no trije yn Fryslân te belibjen.

Planetariumkeamer (foto: ©Visit Fryslân)

Keninklike Eise Eisinga Planetarium
In besite oan it planetarium is as in bûtenwenstige reis troch it sinnestelsel. It museum fertelt it ferhaal fan in wolkjimmer dy’t besleat om in wurkjend planetarium yn syn wenkeamer te bouwen. De Planetariumkeamer is wêr’t letterlik alles om draait. It model befettet seis planeten en wurket noch hieltyd. Dêrmei is it it âldst wurkjende planetarium op ’e wrâld. Neist de Planetariumkeamer kin troch it âlde wenhûs fan de famylje Eisinga kuiere wurde, is der in wiidweidige samling histoaryske astronomyske ynstruminten te bewûnderjen en is fan alles oer de stjerrekunde te learen. In ynteraktive ûnderfining foar jong en âld.

Neffens museumdirekteur Adrie Warmenhoven is it gjin wûnder dat it planetarium de Unesco-status helle hat. “It Planetarium is echt unyk yn ’e wrâld. It âldste noch wurkjende planetarium, dêr’t sûnt 1781 besikers har alle dagen oer de skjintme fan ús stjerrestelsel en de stjerrehimel fernuverje. Eisinga fertsjinnet dizze wurdearring troch de Unesco.”

Unesco Wrâldergoed yn Fryslân
Mei de offisjele beneaming yn Frjentsjer hat Fryslân fan alle provinsjes de measte Unesco-plakken. It ymposante Ir. D.F. Woudagemaal en it Waad hawwe dy status ek krige. Boppedat is Ljouwert útroppen ta Unesco City of Literature. Om op dy bysûndere plakken de oandacht te fêstigjen, hat Visit Fryslân in spesjale Unesco-belibbingsrûte ûntwikkele. Yn fjouwer dagen binne fjouwer ferskillende as wrâlderfgoed erkende plakken te ûntdekken. Der wurdt ek ynspiraasje jûn om de besite mei moaie lokaasjes en aktiviteiten oan te foljen. De rûte is tige gaadlik om mei de camper of auto te dwaan.

Op www.friesland.nl/beleef-unesco is ynformaasje oer it Eise Eisinga Planetarium en de oare Fryske Wrâlderfgoeden te finen.

septimber 19, 2023 11:34
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Klaas Groen | Grinsgefål septimber 20, 20:13

    Dus no net ållinnich âldfaars erf mar ek wrâldfaars erf 😉 Ek wol aardich dåt men spilet mei de fariaasjes wrâlderfgoed en wrâlderfguod. De lading fån it wurd ‘guod’ liket de hege status wer nei ûnderen te heljen mar it klinkt wol in stik Frysker ås ‘goed’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.