Dûns op Resept op fjirtich plakken yn it noarden wer los
Resint ferskynd
“Sels de stiifste harke is fan herten wolkom”
Op sa’n fjirtich lokaasjes yn Grinslân, Drinte en Fryslân geane de spesjale dûnslessen Dans op Recept wer fan start. “Al binne it ek noch sokke stive harken, by ús binne se fan herten wolkom”, lit de organisaasje witte. De stichting jout dûnslessen oan minsken mei Parkinson, net oanberne harsenletsel en groanyske pine. It nije kursusjier yn Fryslân, Grinslân en Drinte stiet op it punt fan begjinnen.

Dans op Recept (foto: ©Christian Kamminga)
Yn Fryslân begjinne fan moandei 4 septimber ôf de dûnslessen foar minsken mei parkinson, groanyske pine, net-oanberne harsenletsel, MS en demintens. De lessen wurde jûn op It Hearrenfean, yn Ljouwert, Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Snits, Kollum en Wolvegea. Marlies Seinstra, betinker en direkteur fan Dûns op Resept: “Wy besteane yn Fryslân al sa’n sân jier en ûnderwilens jouwe wy les op sa’n fjirtich plakken yn de noardlike provinsjes.” Elkenien kin meidwaan. Aldens, geslacht en nivo dogge der net ta. “It giet der benammen om dat minsken har fermeitsje en har der better troch fiele. It is noflik om jin efkes gjin pasjint te fielen. De dielnimmers fine it noflik om ûnder lotgenoaten te wêzen, krije wy faak fan harren te hearren”, fertelt Seinstra dy’t sels de lessen yn Ljouwert jout. Hja ferfolget: “Dûns op Resept moat synonym oan ienriedigens wêze. Dêrom slute wy alle lessen oan de kofjetafel ôf. Sa wurdt it noch mear in feilich plak, dêr’t de kursisten begrepen wurde, en dêr’t it net útmakket hoe’t se bewege, salang’t se mar bewege!”
Oer Dûns op Resept
Dûns op Resept (winner &AWARD2020) is in stichting dy’t dûns ynset om it fysike en mentale wolwêzen fan minsken mei in groanyske oandwaning te ferbetterjen. De dosinten binne der spesjaal foar oplaat. Mear ynformaasje stiet op www.dansoprecept.nl. Oanmelde foar in fergeze proefles kin fia dy side of fia e-mail nei administratie@dansoprecept.nl of troch de skiljen nei 06 – 25 19 00 35.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje