Dûbelde Fryske Paradoks

septimber 23, 2023 16:41

Ynstjoerd

De Fryske Paradoks, sa’t dy troch it Frysk Sosjaal Planburo (SCP) definiearre wurdt, hâldt yn dat Friezen gemiddeld lokkiger binne as oare Nederlanners, wylst se ekonomysk sjoen earmer binne.

No lies ik koartlyn yn de krante dat yn Nederlân it tal selsdeadingen nearne sa heech is as yn Fryslân. Dat heart nochal tsjinstridich: oan ’e iene kant binne Friezen lokkiger as oare Nederlanners, mar oan ’e oare kant meitsje se earder in ein oan it libben.

Ik lei dat dilemma op 13 septimber foar oan direkteur Karen van Oudenhoven fan it SCP nei ôfrin fan har lêzing by de iepening fan it Akademysk Jier troch de Frjentsjerter Akademy yn de Martinitsjerke. Foar har wie it nij, mar se fûn it punt nijsgjirrich genôch om fierder te ûndersykjen.
Dus, wy bliuwe benijd.

Jehannes Elzinga, Frjentsjer

septimber 23, 2023 16:41
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Melle van der Heide septimber 28, 09:42

    Jo dogge de oanname dat sulks te fergeliken is mei inoar. Dat it oantal selsdeadingen wat seit oer it gemiddelde gelok is fansels is dan earst noch mar ris te bewiizen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.