Doede Wiersma: Lit ús yn frede ite

septimber 10, 2023 07:00

Oertinking

In mem fan trije soannen fertelde my dat se alle dagen it mei soarch klearmakke iten op tafel sette mei de wurden: “Kom, lit ús yn frede ite.” Mar, sei se, meastal bruts dan de oarloch út:  harsenskrabje en bekfjochtsje.
Slimmer wurdt it as bern net mear byinoar komme troch rûzje; in sulveren teeleppeltsje by in erfenis kin dêr de reden ta wêze. Ik ha begraffenissen meimakke dêr’t ien of mear bern net wiene of dêr’t bern yn twa groepen stiene.

Nim no de húshâlding fan Jakob. In heikarwei om dêr yn frede te iten. Earst hearre wy oer rivaliteit tusken Lea en Rachel. Dan it konflikt tusken Joazef en syn bruorren. Jakob koe noch sa faak út psalm 133 sitearje: “Hoe goed is it om as húshâlding yn frede te libjen”, oarloch wie it en dat bleau it. De bruorren mochten Joazef net snuven hearre en hiene gjin goed wurd foar him oer (Genesis 37:5).
Wat is der moaier as dat rûzjes bylein wurde, as ferjouwing en fersoening kânsen krije. Ek al moat der lang op wachte wurde! Der is soms hiel wat nedich ear’t it safier is.
As de bruorren fan Joazef folle letter yn ’e lytse loege sitte, dan fiele se wat se harren broer oandien ha. “Wy seagen syn deadsneed, doe’t er ús om genede smeke en wy woene net harkje” (Genesis 42:21).
En dochs kin Joazef mei syn bruorren yn frede ite (43:31). En wer letter kriget dy frede in djippe lading as Joazef seit: “God hat my foar jimme útstjoerd om jimme fuortbestean op ierde te fersekerjen en jimme yn it libben te hâlden en withoefolle te rêden.”
Dêrop tute er syn bruorren allegearre en skriemde by harren. Wat is sa’n fersoening dochs prachtich!
“Sillich de fredestichters,” seit Jezus.

Lêze: Genesis 45:1-15

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
septimber 10, 2023 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.