Doede Wiersma: It kweade ombûge nei it goede
Resint ferskynd
Oertinking
Lit ús der mar fan útgean dat alle kwea yn ’e wrâld de skuld fan minsken is. It is dochs ferskriklik wat minsken inoar oandogge! It hichtepunt yn it Joazefferhaal is neffens my as Joazef tsjin syn bruorren seit: “Jimme hiene wol kwea tsjin my yn ’t sin, mar God hie der it goede mei foar, om te meitsjen sa’t it hjoed giet: in mannichte folk yn it libben te hâlden” (Genesis 50:20).

Joazef mei syn bruorren. Léon Pierre Urbain Bourgeois, 1863 (boarne Wikimedia Commons, publyk domein)
‘Jimme hiene kwea tsjin my yn it sin’. It kwea komt foar rekken fan ’e minsken! Mar dat kwea woekere net troch, it waard lang om let omset yn segen. Fier foardat de bruorren en heit by Joazef kamen, wie der al sprake fan dy segen. Noch foar de krisistiid waarden Joazef en syn frou heit en mem. Yn dy tiid tsjûgen de measte persoansnammen fan it leauwe fan de âlden. Joazef neamde syn âldste Manasse: ‘God hat my al myn muoite en myn heitehûs ferjitte litten.’ De twadde krige de namme Efraïm: ‘God hat my fruchtber makke yn it lân fan myn ellinde.’
Doe’t de âlde Jakob stoar, waarden de bruorren fan Joazef op ’e nij bang. Se tochten, as er no mar net tsjin ús wrokket en ús boetsje lit foar it kwea dat wy him oandien ha. Op ’e nij freegje se him om ferjouwing.
It is sa wichtich dat it dêrta komt. Yn houliken, yn freonskippen, op it wurk, yn organisaasjes, yn ’e polityk moat frege wurde om ferjouwing. Wat is it goed as minsken, dy’t min behannele binne, dan mei Joazef royaal sizze kinne: “God hat dyn/jim kwea ombûgd nei it goede.”
It is de kearn, de reade tried fan it Earste Testamint, dy’t hiel djip ta klinken komt yn Jesaja 53. Dat stie Jezus as model foar eagen: ek yn Him bûcht God it kwea fan minsken (krús) om nei it goede: Kristus is iten foar fiiftûzen (de hiele wrâld).
Wy hawwe in God dy’t oanienwei it kwea ombûge wol nei it goede. Hy siket minsken dy’t Him dêrby helpe wolle. Jo en ik kinne Joazef wêze.
Lêze: Genesis 41:50-52 en 50:15-21
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje