Doede Wiersma: De tonge fan in wiis minske is medisyn

septimber 3, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Yn ’e jierren foar myn stúdzje teology wie ik foarljochter by it Kristlike boere- en túnkersbûn. Dat bûn hie yn Fryslân yn in soad plakken ôfdielingen. Under de bestjoersleden fan dy ôfdielingen moete ik ûnferjitlik wize minsken. Dy wiene faak ek aktyf yn tsjerkeried, koöperaasje, gemeenteried, ruilferkavelings- en streekferbetteringskommisjes. Harren bydrage oan it mienskipslibben wie grut.

Sa’t ik fan harren ûnder de yndruk rekke, sa stie de Farao fersteld fan ’e wiisheid fan Joazef: gjinien sa ferstannich en wiis (41:39). Farao joech Joazef de namme Safnat Paneäch. Dat betsjut: Hy sprekt en men libbet op. Joazef is de minske dy’t foldocht oan de idealen fan de opfieding dêr’t wy yn ’e Spreuken oer lêze. Hiel wat fan dy Spreuken fertelle ús dat wizen wurden sprekke dêr’t minsken fan oplibje.

– De mûle fan ’e rjochtfeardige is in boarne fan libben (10:11);
– De ferstannige hat wiisheid op ’e lippen (10:13);
– De lippen fan ’e rjochtfeardige hoedzje hiel wat minsken (10:21);
– De mûle fan ’e rjochtfeardige jout wiisheid as frucht (10:31);
– De lippen fan ’e rjochtfeardige witte wat pas jout (10:32);
– De tonge fan in wiis minske is medisyn (12:18);
– De tonge fan wizen bringt kennis by (15:2);
– In mylde tonge is in libbensbeam (15:4);
– De lippen fan ’e wizen struie kennis út (15:7);
– It hert fan ’e wize makket syn mûle ferstannich en it set de arguminten op syn lippen krêft by (16:23).

De opfieders fan Spreuken binne der wis fan dat in minske dy’t God mei hert en siel leafhat, dy wiisheid kriget. En Joazef wie dêr it bewiis foar. Wy kinne mei ús lippen minsken hoedzje.

Lêze: Genesis 41:37-45
(It skilderij op de thússide, ‘Farao jout syn ring oan Joazef’ fan Giovanni Battista Tiepolo (1696-1770) heart by Genesis 41:42.)

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
septimber 3, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.