Doede Wiersma: Absurde fijânsbylden

septimber 24, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

In man wol in skilderij ophingje. De hammer kin er sa gau net fine. Buorman mar efkes freegje, tinkt er. Dan sjit him yn ’t sin dat buorman juster gjin goedei tsjin him sei. En syn kopke giet op ’e rin: Soe er wat op my tsjin ha? Wol er my de hammer wol liene? Mar ik ha him dochs neat dien? Wat tinkt dy fint wol! Sokke lju binne in ramp foar de buert. Dan stoot de man nei buorman, skillet oan en as de doar iepen giet, raast er: “Ik hoech dy hammer fan dy net, rotfint!”
Boppesteand ferhaaltsje lit sjen hoe’t fijânsbylden groeie kinne.

Jakob hat fan Ezau yn syn tinzen in baarlike duvel makke. As wy efter Jakob Israel sjogge en efter Ezau Edom, dan giet it hjir ek om de fijânskip tusken twa folken. Hoe slim oft dat wêze kin, sjogge wy alle dagen oan de Israeliërs en de Arabieren.
Jakob is bang en siket treast by God (Genesis 32:10-13), mar Jakob soe Jakob net wêze as er sels ek net it ien en oar regele. Hy dielt alles wat er hat yn twa groepen, want, tinkt er, as Ezau de iene groep wat docht, kin de oare oerlibje (Genesis 32:9). En boppedat wol er Ezau op ’e lije side oankrûpe troch him in grut kado oan te bieden (Genesis 32:15-22).
It is ien en al eangst. Hoe’t it ‘by him op bêd komt’ ha wy juster sjoen (sjoch hjir).

As Jakob dan each yn each stiet mei Ezau, falt it alles ta: it gesicht fan Ezau is as wie it Gods gesicht (Genesis 33:10).
Dat fyn ik in kostlike útspraak. Wy sjogge der faak sa tsjin oan om op ús fijân ôf te stappen, om it út te praten. Wy meitsje de berch hieltyd grutter en heger en it fijânsbyld yrreëel. Mar as wy dy fijân echt moetsje, blykt dat hy/sy al mei langstme nei ús stiet út te sjen, en wy moetsje net de duvel, mar in minske dy’t as byld fan God, leafde útstrielet.

Lêze: Genesis 33:1-10

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
septimber 24, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.